Ferrie

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Ferried)

Ferrie of ferried is in algemiene term foar it skeinen fan trou of it ferbrekken fan in plechtich ûnthjit. Immen dy't soks docht, is in ferrieder. Op himsels hoecht ferrie net strafber te wêzen, fral net as it yn privee-omstannichheden plakfynt, hoewol't it troch de measte minsken wol as in ferachtlike die beskôge wurdt. As bern inoar ferriede, benammen as it dêrby giet om it útheven fan ûndogensheden, dan sprekt men fan klikken. Yn mear formele omstannichheden kin ferrie opfet wurde as kontraktbrek, wat yn it sivyl rjocht àl strafber is. Ferrie wurdt fierders gauris betize mei lânferrie, it yn gefaar bringen fan 'e feilichheid fn jins lân, wat in slim misdriuw is, dêr't foarhinne faak de deastraf en tsjintwurdich gauris in lange finzenisstraf op stiet. Heechferrie is in sammelnamme foar dieden dy't rjochte binne tsjin 'e steatsynrjochting fan jins bertelân.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.