Zuidvelde

Ut Wikipedy

Zuidvelde, is in doarp yn de Drintske gemeente Noardenfjild.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1325 waar der foar it earst oer Zuidvelde skreaun, mar fier dêrfoar wienen der ek al bewenners, sa't bliken docht út de fynst fan twa tumuli en in âlde wetterput.

De Fledders[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mids jierren tritich is oan De Fledders yn it ramt fan de wurkferskaffing in wurkkamp boud foar de ûntginning fan woaste grûn. It hat oant en mei de jierren fyftich it ferbliuplak west foar ferskate groepen minsken: wurkleazen, joadske flechtlingen út Dútslân, joadske twangarbeiders en froulju mei bern, kollaborateurs, en (ûnder de namme wenoarde De Fledders) Molukkers. Yn 1959 of 1960 is it kamp ôfbrutsen. No herinnert allinnich noch in tinkplaat oan dit kamp.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Gemeente Noardenfjild
Haadplak | Roan |
Oare kearnen | Altena | Alteveer | Feanhuzen | Ien | Ien-West | Langelo | Leutingewolde | Lieveren | Matsloot | Nietap | Nij-Roan | Noarch | Peest | Peize | Peizermade | Peizerwold | Roaneries | Roanerwâlde | Sandebuur | Steenbergen | Terheijl | Westervelde | Zuidvelde |
wizigje