Zoé de Gamond

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Zoé Charlotte de Gamond (Brussel, 11 febrewaris 180628 febrewaris 1854) wie in Belgysk ûnderwizer en feministe dy't ûnder it pseudonym Marie de G*** skreau.

Zoé de Gamond waard berne yn in begoedige liberale húshâlding. Har heit hie gûverneur fan de provinsje Antwerpen west yn de tiid dat Belgje en Nederlân ien wienen; hy wie ek abbekaat en heechlearaar nei 1830. Har mem wie fan aadlik komôf en hold geregeldwei salons dêr't Zoé niget oan polityk krige.

Yn it earstoan hinge hja de ideeën fan Saint-Simon oan, mar ferruile dy letter foar dy fan de utopysk sosjalist Charles Fourier. Yn de iere jierre 30 wie hja in aktyf stiper fan Italjaanske en Poalske politike ballings. Yn dy snuorje moete hja ek de Poalske nasjonalist Jan Czyński, mei wa't sy Le Roi des Paysans skreau. Teffens skreau hja oer feminisme mids 30er jierren, en sy boaske yn dy tiid mei de Italjaanske keunstner Jean-Baptiste Gatti.

Ein tritigerjierren ferfarre it pear fan Brussel nei Parys, dêr't Zoé in tige súkses hie mei in wurk oer de filosofy fan Fourier, dat fiifris werprinte waard en ek yn it Ingelsk oerset waard. Mei stipe fan in begoedige Fourieroanhinger koenen de Gattis in phalanstère (Utopyske mienskip) fêstigje yn Cîteaux yn 1842. Dy ûndernimming waard lykwols in finansjele ramp. Hja gienen werom nei Brussel en hienen dêr in frijwat earmoedich bestean.

Mei help fan Charles Rogier waard Zoé beneamd ta ynspekteur fan beukerskoallen, famkesskoallen en skoallen foar ûnderwizeressen. Sy publisearre in tal hânboeken foar it ûnderwiis en ien foar it yn it wurk hâlden fan in psychiatryske ynrjochting.

Zoé Charlotte de Gamond stoar yn de âldens fan 48 jier; sy liet trije jonge dochter benefter, Isabelle ynbegrepen, dy't letter pedagooch en feminist wurde soe.

Karút bibliograyy[bewurkje seksje | edit source]

  • De la condition sociale des femmes aux dix-neuvième siècle, 1834
  • Esquisses sur les femmes, 1836
  • (mei Jan Czyński) Le Roi des Paysans, 1838
  • Fourier et son système, 1838
  • Réalisation d'une commune sociétaire d'après la théorie de Charles Fourrier, 1840

Referinsje[bewurkje seksje | edit source]

  • (fr) Piette, V., "de GAMOND, Zoé, Charlotte, pseudo Marie de G*** (1806–1854)" in E. Gubin, C. Jacques, V. Piette & J. Puissant (eds), Dictionnaire des femmes belges: XIXe et XXe siècles. Bruxelles: Éditions Racine, 2006. ISBN 2-87386-434-6