Zarah Leander

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Zarah Leander

Zarah Stina Leander (Karlstad, 15 maart 1907 - Stockholm, 23 juny 1981) wie in ferneamde Sweedske sjongster en aktrise. Sy waard berne mei de namme Zarah Stina Hedberg.

Biografy[bewurkje seksje | edit source]

Jeugd[bewurkje seksje | edit source]

Zarah Leander studearre as bern al piano en fioele en song foar it earst op it toaniel doe't sy seis jier wie. As tsiener wenne sy twa jier yn Riga (1922-1924), learde de doetiidsk ynternasjonaal wichtige taal Dútsk, wurke as sekretaresse, troude mei Nils Leander en krige twa bern (1927 en 1929). Sy koe oan it wurk yn it Ernst Rolf-kabaret en song foar it earst it liet 'Vil ni se en stjärna', dat rillegau har hannelsmerk wurde soe.

Wurkpaad[bewurkje seksje | edit source]

Yn 1930, siet sy yn fjouwer kabarets yn haadstêd Stockholm, makke se har earste grammefoanplaten, dêr't ek in cover fan Marlene Dietrich har Falling in love again by wie, en spile sy in rol yn in film. It wie lykwols as operettesjongster, as Anna Glavari yn Franz Lehár syn Die lustige Witwe, dat se foar altyd trochbriek (1931). Sy wie doe al wer by Nils Leander wei. De jierren dy't folgen makke sy in gloarieuze karriêre yn Skandinaavje en koe fortúnlik troch de tiid komme as ferneamd artyst op toaniel en yn de film. Har ferneamdens wreide him út nei Hollywood, dêr't in stik as wat Sweedske akteurs en filmregisseurs wurken. Zarah Leander har aparte stim, sy wie in seldsume kontra-alt, hat sines der grif ta dien. Sy woe lykwols net nei Amearika fanwege har bern. Fan 1936 ôf hie sy in kontrakt by it Dútske Universum Film AG (UFA), mar gie ek troch mei plaatopnames. Leander hat letter sein dat har films wol súksesfol wêze mochten, mar dat de plateferkeap frijwat mear opsmiet.

Yn de Twadde Wrâldkriich wie hja tige ferneamd, fral yn it Dútslân fan Adolf Hitler. Guonts beskôgen har film en lieten as propaganda foar de Nazi's, mar Leander hat har yn it iepenbier nea oer har politike kar útsprutsen. It kaam Leander wol op in soad krityk te stean, fral yn Sweden, dêr't sy weromkaam wie nei't har went yn Berlyn bombardearre wie. Yn it earstoan waard har de rêch takeard yn artistike rûnten yn Sweden en koe sy har karriêre net fuortsette. It duorre ferskate jierren eardat sy in comeback yn Sweden meitsje koe, mar sy bleau kontroversjeel, har hiele libben lang.

Uteinlik trede sy wol wer op yn Jeropa, mar har eardere súkses hat sy nea wer helje kind.

Wurk[bewurkje seksje | edit source]

Filmografy[bewurkje seksje | edit source]

  • 1930: Dantes Mysterier
  • 1931: Falska Millionären
  • 1935: Äktenskapsleken
  • 1936: Premiere (har earste Dútsktalige film)
  • 1937: Zu neuen Ufern
  • 1937: La Habanera
  • 1938: Heimat
  • 1938: Der Blaufuchs
  • 1939: Es war eine rauschende Ballnacht
  • 1939: Das Lied der Wüste
  • 1940: Das Herz der Königin
  • 1941: Der Weg ins Freie
  • 1942: Die große Liebe
  • 1942: Damals
  • 1950: Gabriela
  • 1952: Cuba Cabana
  • 1953: Ave Maria
  • 1954: Bei Dir war es immer so schön
  • 1959: Der blaue Nachtfalter
  • 1964: Das Blaue vom Himmel (televyzjefilm)
  • 1966: Das gewisse Etwas der Frauen

Operettes en musicals[bewurkje seksje | edit source]

Autobiografy[bewurkje seksje | edit source]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]