Zamboni

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
In zamboni oan it wurk op Thialf (It Hearrenfean)

In zamboni is in automatyske dweilmasine foar it iis fan iisbanen. De masine is neamd nei syn Amerikaanske útfiner en ûntwikkelder, Frank Zamboni.

Zamboni's binne nedich omdat iisbanen en iisflierren (bestimd foar iishockey, langebaanriden en keunstriden) slite en beskeadige reitsje troch it brûken. Der komme gatten, skuorren en slûven yn it iis en it iis wurdt dof, smoarch en stroef.

Foar de útfining fan de zamboni moast it bywurkjen fan it iis mei de hân barre, wat in soad tiid naam. De zamboni skrabet earst in laachje iis fan de baan en sproeit der dan in tin laachje waarm wetter op. Dat floeit daliks yn alle ûnsljochtens en levert in spegelgledde en skjinne iisbaan op.

De zamboni wurdt brûkt yn pauzes fan wedstriden. In dweilpauze duorret trochstrings sawat in kertier.


Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]