Zakopane
| Zakopane Zakopané |
||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 26.709 (2010) | |
| Oerflak | 84 km² | |
| Befolkingstichtens | 327,2 / km² | |
| Hichte | 750 - 1126 m | |
| Polityk | ||
| Lân | Poalen | |
| Woiwodskip | Lyts Poalen | |
| Distrikt | Tatra | |
| Oar | ||
| Stifting | 17e ieu | |
| Tiidsône | CET (UTC+1) | |
| *Simmertiid | CEST (UTC+2) | |
| Webside | www.zakopane.eu | |
Zakopane is in stêd yn it uterste suden fan Poalen. It hat 30.000 bewenners en leit yn it woiwodschap Lyts-Poalen. De stêd stiet bekend as it wintersportsintrum fan Poalen. It is ek in populêr startplak foar guons dy't yn de Tatra te kuierjen wolle.
Ynhâld |
Lânskip[bewurkje seksje]
De stêd leit op in hichte fan 800 meter oan de foet fan de Giewontberch. Op it heden lûkt de stêd in protte toeristen en binne der in soad hotels en pensjons. Troch de karakteristike boustyl fan de Podhale mei houten huzen en in protte houtfykwurk, hat it stedsje noch hieltyd har doarpsk karakter behâlden.
De pleatslike befolking, dy't yn Poalen de Góraly (= berchbewenners) neamd wurde, hechte bot oan tradysjes. Op strjitte is faak in kapela te hearren dy't tradisjonele Poalske muzyk út de omkriten spylje.
Búten it doarp leit in iisbaan, Tor Cos neamd dêr't yn febrewaris 2009 it WK reedriden foar junioren hâlden waard.
Skiednis[bewurkje seksje]
Lang lyn wie Zakopane net mear as in lyts berchdoarpke. Yn 1646 wennen der net mear as 43 ynwenners. Pas yn it midden fan de 19e ieu begûn Zakopane stadich in stêd fan betsjutting te wurden en luts toeristen en keunstners oan út it 100 km noardliker lizzend Krakau. Yn 1889 telde de stêd 3000 ynwenners. Sûnt dy tiid wie it ek makliker berikber troch in spoarferbining.
Fan 3 jannewaris 1795 oant11 novimber 1918 hearde Zakopane by Eastenryk. Nei de ein fan de Earste Wrâldkriich kaam it werom by Poalen.
-
Wielka Krokiew (Grutte Krokiew)
-
Czarny Staw Gąsienicowy yn de Tatra
Berne yn Zakopane[bewurkje seksje]
- Sebastian Karpiel-Bułecka, Poalske sjonger
Keppeling om utens[bewurkje seksje]
- Zakopane - Resort Guide.
- Poals Buro foar Statistyk
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Zakopane fan Wikimedia Commons. |