Yves Saint Laurent

Ut Wikipedy
Yves Saint Laurent, 1976 (Reginald Gray)
In Yves Saint Laurent winkel yn Houston

Yves Henri Donat Mathieu Saint Laurent (Oran (Algerije), 1 augustus 1936 - Parys, 1 juny 2008) wie in Frânske moadeûntwerper.

Yves Saint Laurent bepaalde mei de oare couturiers Christian Dior, Coco Chanel en Hubert de Givenchy jierrenlang de Frânske haute Couture. Yn 1961 stifte hy syn eigen moadehûs en gie gearwurkjen mei Pierre Berge dy’t hy trije jier earder moete hie. Fan dat momint ôf sette hy in stimpel op de moadetiid dy’t kommen soe, mei bygelyks de trapesjurk de smoking foar froulju, it safaryjaske, de trochsichtige bloeze, it broekpak en de pantalon. Chanel joech froulju frijheid, Yves joech de froulju macht, sei Berge op radiostjoerder France info.

De tige talintearre Yves Saint Laurent waard berne op 1 augustus 1936 yn Algerije. Hy begûn yn 1955 as assistint fan Christian Dior, dy’t hy twa jier letter opfolgje soe, doe't Dior ferstoar. Hy liede it moadehûs trije jier, oant hy foar militêre tsjinst oproppen waard yn de kriich tsjin Algerije. Foar in gefoelich persoan waans skoaltiid in drama west hat, omdat er homo wie, wie de militêre tsjinst tige swier. Hy hie dan ek al gau in senuwynsinking en moast trije moanne lang yn it sikehûs lizze. Dêrnei rjochte hy mei sakeman Berge syn eigen moadehûs op dat waakse soe ta in wrâldmerk. It bedriuw bloeide en gie nei de beurs, mar de ekonomyske efterútgong wylst de golfkriich oan de gang wie soarge derfoar dat Yves Sain Laurent grutte skulden krige. It bedriuw waard oernommen troch kosmetikareus Sanofi en letter troch de Gucci groep.

Yves Saint Lorent hie letter lêst fan sûnensproblemen. Sa hie hy slimme depresjes en waard hy behannele oan alkoholproblemen. Neffens bekenden rekke de skrutene Saint Lorent yn de lette jierren tachtich hieltyd fierder ferwidere fan de gewoane wrâld en moete hy noch mar in pear freonen. Neffens ferhalen lies hy nea de kranten en lústere hy nea nei de radio. Berge hat sein dat de ferneamdheid him kapot makke hat.