Yurizan Beltran

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Yurizan Beltran
Yurizan Beltran.jpg
nasjonaliteit: Flag of the United States.svg Amerikaansk
oare artystenammen: Yurizan, Yuri Luv
echte namme: Yurizan Beltrán Lebanue
etnisiteit: Flag of Quebec.svg Kebekaansk,
Flag of Brazil.svg Brazyljaansk
berne: 7 novimber 1986
berteplak: Los Angeles (Kalifornje)
stoarn: n.f.t.
jierren aktyf: 2010 – no

Yurizan Beltran, echte namme: Yurizan Beltrán Lebanue (7 novimber 1986), is in Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise, dy't yn it ferline ek wol gebrûk makke hat fan 'e artystenammen Yurizan en Yuri Luv.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | edit source]

Se is hikke en tein yn Los Angeles, yn 'e steat Kalifornje. Har heit wie in Frânsktalige Kanadees, ôfkomstich út 'e provinsje Kebek, wylst har mem fan Brazyljaansk komôf wie. Yn 2005 sette se útein mei har eigen eroatyske webside, SweetYurizan.com, wêrby't se har yn 't earstoan beheinde ta neakenfotografy. Yn 2010 makke se har debút yn in pornografyske film. Sûnt hat se yn hast 100 pornofilms spile, wylst se dêrnjonken yn 2008 ek in roltsje hie yn 'e mainstream-horrorfilm Werewolf in a Women's Prison. Yn totaal hat se oant no ta fjouwer nominaasjes foar in AVN Award (de Oskars fan 'e pornowrâld) yn 'e wacht sleept.

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | edit source]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2009 AVN Award nominearre ynternetstjer fan it jier n.f.t.
2010 AVN Award nominearre bêste lesbyske groepsekssêne (mei Mai Ly, Lela Star en Alyssa Reece) Not Monday Night Football XXX
Xbiz Award nominearre ynternetbabe fan it jier n.f.t.
2011 AVN Award nominearre bêste ynternetstjer n.f.t.
2012 AVN Award nominearre ûnderwurdearre stjer fan it jier n.f.t.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.