Yuma (Arizona)

Ut Wikipedy
Yuma
It gerjochtsgebou fan Yuma County.
It gerjochtsgebou fan Yuma County.
Emblemen
         
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Arizona
County Yuma County
Sifers
Ynwennertal 95.502 (2017)
Oerflak 313,6 km² (ynkl. wetter)
313,4 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 304,5 / km²
Stêdekloft 135.267 (2010)
Hichte 43 m
Oar
Stifting 1864
Tiidsône UTC –7
Simmertiid gjint
Koördinaten 32°41′32″N 114°36′55″W
Offisjele webside
www.yumaaz.gov
Kaart
It gerjochtsgebou fan Yuma County.
De lizzing fan Yuma yn Yuma County en yn 'e steat Arizona.

Yuma (Kokopa: Yuum) is in stêd yn it uterste súdwesten fan 'e Amerikaanske steat Arizona, suver tsjin 'e grins mei Meksiko oan. It is it haadplak fan it omlizzende Yuma County en leit yn 'e Yuma-woastyn, in krite dy't ta de gruttere Sonoara-woastyn heart. Yuma waard stifte yn 1864 en krige yn 'e tiid fan it Wylde Westen in beskate bekendheid as de lokaasje fan 'e beruchte Territoriale Finzenis fan Yuma. Neffens in offisjele skatting út 2017 hie Yuma doe krapoan 96.000 ynwenners. As stêdekloft hie Yuma yn 2010 in befolking fan likernôch 135.000 ynwenners.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yuma leit yn 'e súdwestlike hoeke fan 'e Amerikaanske steat Arizona, deunby de grins mei Meksiko yn it suden en oan 'e grins mei de Amerikaanske steat Kalifornje yn it westen. Fuort eastlik fan 'e stêd mûnet de rivier de Gila út 'e folle gruttere Kolorado, dy't westlik fan Yuma de grins mei Kalifornje foarmet. Yuma leit likernôch 155 km rjocht benoarden de mûning fan 'e Kolorado yn 'e Golf fan Kalifornje. De stêd hat in oerflak fan 313,62 km², wêrfan't 0,07% (of 18 ha) út oerflaktewetter bestiet.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foarôfgeande oan 'e kolonisaasje fan wat no súdwestlik Arizona is troch de blanken waard it gebiet bewenne troch de Kokopa- en Kwetsjan-Yndianen. Dy beide etnyske groepen libje hjoed de dei noch yn 'e omkriten fan Yuma, dêr't se it Kokopa Yndianereservaat, resp. it Fort Yuma Yndianereservaat hawwe. De earste blanken dy't de regio oandiene wiene de leden fan 'e Spaanske ekspedysjes fan Hernando de Alarcón en Melchior Diaz yn 1540. Dy beskôgen de furde troch de rivier de Kolorado (Yuma Crossing) daliks as in ideaal plak foar it stiftsjen fan in delsetting.

Steamboaten yn Yuma (1885).

Op dat plak stieken bygelyks de ekspedysje fan Juan Bautista de Anza (1774), it Mormoanske Bataljon (1848) en de Kalifornyske Kolonne (1862) de Kolorado oer. Fan 'e Kalifornyske Goudkoarts ôf, om 1850 hinne, oant likernôch 1880 stie Yuma Crossing bekend om syn set oer de rivier, dat diel útmakke fan it Súdlike Emigrantepaad. Dêrmei foarme Yuma Crossing in natuerlike poarte ta Kalifornje.

It grutste part fan it grûngebiet fan 'e hjoeddeistige steat Arizona kaam oan 'e ein fan 'e Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch, yn 1848, yn it besit fan 'e Feriene Steaten, doe't it fersleine Meksiko Kalifornje en it meastepart fan it Amerikaanske Súdwesten ôfstean moast ûnder it Ferdrach fan Guadalupe Hidalgo. Neitiid boude it Amerikaanske Leger yn 1851 Fort Yuma, in militêre fêsting, oan 'e nije grins, dy't doe krekt noardlik fan Yuma rûn. Op 30 desimber 1853 kochten de Feriene Steaten by de saneamde Gadsden-oankeap nochris 77.000 km² grûn fan Meksiko, dy't nedich wie foar de oanlis fan in spoarline nei Kalifornje. Dat gebiet, dêr't ek Yuma yn lei, foarmet no de Hakke fan Nij-Meksiko en it súdlike fjirdepart fan Arizona.

Nei de oanlis fan Fort Yuma woeksen der likernôch in myl (of oardel km) streamôf (súdlik) twa stedsjes oan 'e tsjinstelde iggen fan 'e Kolorado. Oan 'e Kalifornyske kant fan 'e rivier ûntstie Jaeger City, ferneamd nei de eigner fan it pleatslike set oer de rivier. Dat wie doe it grutste fan 'e beide plakken, mei in treinstasjon, twa hoefsmidderijen, in hotel, twa winkels en in kantoar fan 'e Butterfield Overland Mail. Oan 'e oare kant fan 'e rivier, dy't doedestiden ek ta Kalifornje rekkene waard, stifte projektûntwikkeler Charles D. Poston de delsetting Colorado City. Yn it ierste begjin lei dat plak krekt noardlik fan 'e Meksikaanske grins, tsjin in dûanepost oan. Nei de Gadsden-oankeap fan 1853 wreide it út nei it suden ta oer de eardere grins hinne.

Fan 1853 ôf ûntstie der in lytsere delsetting op it heger leine lân deunby Fort Yuma, dy't yn 1858 erkenning krige ûnder de namme Arizona City. Colorado City en Jaeger City waarden suver folslein ferwuostge troch de Grutte Wettersneed fan 1862, doe't de Kolorado syn oeren tebûten gie, wêrnei't dy plakken werboud wurde moasten op heger lân. Sadwaande kaam it nije Colorado City folle tichter by Arizona City te lizzen, en yn 1864 ferraanden de beide plakken, wêrnei't de nije, gruttere delsetting yn 1873 de namme Yuma krige. Yn 1866 waard it oarspronklike Territoarium Nij-Meksiko likernôch midstwa spjalten en ûntstie it Territoarium Arizona, dêr't doe ek de eastigge fan 'e Kolorado ta kaam te hearren.

De furde troch de Kolorado mei de earste spoarbrêge út 1877 (op in foto út 1886).

Fan 1854 ôf wie Colorado City in wichtich havenplak foar de steamboaten op 'e rivier de Kolorado, en nei 1862 naam Arizona City dy funksje oer. De steamboaten ferfierden passazjiers en ark en reau foar ferskate minen en militêre foarposten yn it gebiet. Colorado City, en letter Arizona City en doe Yuma, wie it einpunt fan in weinpaad by de rivier de Gila lâns dat oant yn Nij-Meksiko trochrûn. It Kertiermastersdepot fan Yuma (no in museum) wie yn dy tiid in opslachplak dêr't alle militêre posten en forten yn Arizona en in diel fan Nij-Meksiko wei befoarriede waarden.

In loftfoto dy't sjen lit dat it gebiet om Yuma hinne sterk agrarysk rjochte is, wêrby't men benammen ôfhinklik is fan yrrigaasje mei wetter út 'e rivier de Kolorado.

Yn 1871 waard Yuma it haadplak fan Yuma County, in funksje dy't earder ferfolle wie troch La Paz. Yn 1877 waard by Yuma in spoarbrêge oer de rivier de Kolorado boud, dêr't de Southern Pacific Railroad oerhinne oanlein waard. Dy spoarweimaatskippij naam datselde jiers de Colorado Steam Navigation Company fan George Alonzo Johnson oer, it iennichste steamboatbedriuw op 'e Kolorado. Yuma waard doe de nije basis foar ferfier oer de rivier, mei't it troch de oanlis fan it spoar oerstallich wurden wie om guod om it Kalifornysk Skiereilân hinne te farren nei de mûning fan 'e Kolorado. Sadwaande rekke Port Isabel, yn Sonoara, de funksje fan oerlaadplak kwyt. Neitiid rekke it mei Yuma sels lykwols ek yn it neigean, mei de sluting fan Fort Yuma yn 1883 en fan 'e Territoriale Finzenis fan Yuma yn 1909.

Bestjoer en ekonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De stêd Yuma is in gemeente, dy't bestjoerd wurdt troch in boargemaster (keazen foar in termyn fan fjouwer jier), in gemeenteried (keazen foar in termyn fan fjouwer jier) en in stedsmanager (oansteld troch de gemeenteried). Yuma hie yn 2018 it heechste wurkleazenssifer fan 'e hiele Feriene Steaten (20,9%). Dat wurdt foar in diel ferklearre trochdat in grut part fan 'e pleatslike beropsbefolking út seizoensarbeiders yn 'e lânbousektor bestiet. De grutste wurkjouwer yn Yuma wurdt foarme troch de Amerikaanske Striidkrêften, dy't by de stêd it Loftstasjon fan it Marinierskorps Yuma en it Militêr Oefenterrein Yuma (Yuma Proving Ground) fan it Amerikaanske Leger ûnderhâlde. Oare grutte wurkjouwers binne it Regionaal Medysk Sintrum Yuma, it Basisskoalledistrikt Yuma en it regear fan Yuma County.

It âlde stedhûs fan Yuma.
De Ocean to Ocean Bridge oer de Kolorado.

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1870 hie Yuma in befolking fan 1.144 minsken, en dat oantal gie yn 'e njoggentjinde iuw mar hiel stadich omheech; yn 1900 wiene der noch mar goed 1.500 ynwenners (doe wie it ynwennertal eins sakke fan 1.773 yn 1890). Yn 1910 hie de stêd in befolking fan goed 2.900 lju, yn 1930 wiene der krapoan 4.000 ynwenners en yn 1950 lei it ynwennertal om 9.100 hinne. Yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw begûn Yuma pas echt te groeien, mei 24.000 ynwenners yn 1960, 29.000 yn 1970, 42.000 yn 1980, 57.000 yn 1990, 78.000 yn 2000 en 93.000 yn 2010.

Neffens in offisjele skatting troch it Amerikaanske Folkstellingsburo op grûn fan gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie Yuma yn 2017 in befolking fan 95.502 minsken, in stiging fan 2,6% yn ferhâlding mei de sitewaasje fan 2010. De befolkingstichtens bedroech yn 2017 304,5 minsken de km². As stêdekloft, mei alle foarstêden en it ferstedske plattelân om 'e stêd hinne meirekkene, hie Yuma yn 2010 in befolking fan 135.267 minsken. Mear as 85.000 pinsjonearren út oare dielen fan 'e Feriene Steaten bringe de winters troch yn Yuma en omkriten.

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2000 wie doe fan 'e befolking fan Yuma 13,9% âlder as 65 jier en 29,6% jonger as 18 jier. Fierders bestie 31,5% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst 16,9% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe, ynkl. 23,4% fan 'e lju jonger as 18 jier. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 54,8% Latino's; 14,0% blanken; 3,2% swarten; 1,9% Aziaten; 1,8% Yndianen; 0,2% Polyneziërs, Melaneziërs en Mikroneziërs; 24,1% oaren of fan mingd etnysk komôf.

It Yuma Theatre, de stedsskouboarch.
De âlde wettertoer fan Yuma.

Berne yn Yuma[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Klimaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yuma stiet bekend om syn ekstreme waar: fan alle (bewenne) plakken yn 'e legere 48 steaten is Yuma it drûchst en it sinnichst, mei de minste rein en it heechste tal dagen yn 't jier (175) mei in temperatuer fan 32 °C of heger. De stêd hat in woastynklimaat, mei ekstreem hjitte simmers en waarme winters. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 41,6 °C, en ek foar maaie (35,2 °C), juny (39,7 °C), augustus (41,2 °C) en septimber (38,5 °C) leit de trochsneed temperatuer oerdeis boppe de 35 °C. Yn desimber, de kâldste moanne, leit dyselde wearde dochs noch op 20,2 °C. Rekôrtemperatueren yn Yuma wiene 51 °C, yn 1995, en –6 °C, yn jannewaris 2007.

Yuma kriget jiers trochinoar 85 mm delslach, hoewol't der yn it tige drûge jier 2007 mar 3,8 mm yn totaal foel. Sels yn it tige 'wiete' jier 2005 foel der mar 188 mm. Oer it algemien kin steld wurde dat de moanne juny yn Yuma it drûchst is, wylst augustus en septimber it wietst binne. Rein yn Yuma hâldt faak ferbân mei de simmermoesson of it foarbygean fan in tropyske stoarm of orkaan yn 'e krite fan 'e Golf fan Kalifornje. Yn 1997 loek in tropyske stoarm lyk oer Yuma hinne nei't de Orkaan Nora oan lân kommen wie by de mûning fan 'e rivier de Kolorado, oan 'e noardein fan 'e Golf fan Kalifornje. Der foel doe yn ien dei 91 mm rein yn 'e stêd, wat resultearre yn it útfallen fan 'e elektrisiteit foar 12.000 húshâldings.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.