Ypeymûne

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Ypey Mûne)
Ypeymûne
mûne / mole
De mûne yn 2021
De mûne yn 2021
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Tytsjerksteradiel
plak Ryptsjerk
adres Westerdyk 1-A
koördinaten 53° 13' N 5° 54' E
bysûnderheden
type mûne Muonts
funksje Poldermûne
flecht 15,3 meter
boujier 1858; 1981 (weropbou)
oare ynformaasje
eigner Stifting De Fryske Mole
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 35687
Webside
Stifting De Fryske Mole
Kaart
Ypeymûne (Fryslân)
Ypeymûne

De Ypeymûne is in poldermûne west fan Ryptsjerk yn de gemeente Tytsjerksteradiel. It is in reiddutsen houten achtkante mûne mei stiennen fjildmuorren.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Ypeymûne stie ynearsten sûnt 1858 by it oan de noardrâne fan Tytsjerk lizzende park Fiversburch (ek wol de Bosk fan Ypey neamd).

Fanwegen in roedebrek waard de mûne yn 1958 bûten bedriuw steld. Hy waard restaurearre, mar dêrby krige hy te koarte roeden, út noed oer de mooglikheid dat de jongerein oars yn de ûnbeheard steande mûne klimme soe. Yn novimber 1970 feroarsaken boartsjende bern brân yn 'e skroefbak en troch't de brânwar der gaueftich by wie, bleau de mûne foar in diel sparre.[1]

Yn de jierren 1980-1981 waard de mûne, dêr't net in soad fan oer wie, fersetten en op it nije stee oan de Ryptsjerkster Feart restaurearre. Dêr bemeallet de mûne de 13 ha grutte simmerboezem fan de Koekoekspetten.

De Ypeymûne is eigendom fan de Stifting De Fryske Mole en wurket regelmjittich.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Friese Molens, 1995, Fryske Parse, ISBN 90 330 1522 6, side 182