Youssou N'Dour
Youssou N'Dour (Dakar, 1 oktober 1959) is in Senegaleesk sjonger, musikus/komponist en - út en troch - akteur.
N"Dour spilet in belangrike rol yn de ûntjouwing fan de hjoeddeiske populêre muzyk fan Senegal, benammen fan de muzykfoarm dy't yn de lokale Wolof-taal mbalax neamd wurdt: in mjuks fan de tradysjonele griot, mei perkusje en lofsang en Afro-Kubaanske arranzjeminten en taheaksels. Hy jildt as ien fan de meast súksesfolle Afrikaanske superstjerren mei in protte ynfloed, dy't ek sosjaal en maatskiplik tige belutsen is. Yn 1985 organisearre er in konsert foar de frijlitting fan Nelson Mandela. Teffens hat er konserten jûn foar Amnesty International en hat er gearwurke mei de Feriene Naasjes en Unicef. Fierders naam hy it inysjatyf foar it Projekt Joko, dat Afrika, en de Senegalezen yn it foarste plak, middels ynternetkafee's mei de wrâld ferbine wol.
Jannewaris 2012 waard bekend dat N'Dour him kandidaat steld hat by de presidintsferkiezing fan febrewaris yn Senegal.
Ynhâld |
Underskiedingen [bewurkje seksje]
- 2002 - krige N'Dour de Prins Claus Priis fan it Prins Claus Fûns.
- 2005 - wûn N'Dour in Amerikaanske Grammy Award foar de cd Egypt.
Diskografy [bewurkje seksje]
Albums [bewurkje seksje]
- Bitim Rew (1984)
- Nelson Mandela (1986)
- Immigrés (1988)
- The Lion (1989)
- Set (1990)
- Eyes Open (1992)
- The Guide (Wommat) (1994)
- Djamil (1996)
- Inedits 84-85 (1997)
- Special Fin D'annee Plus (1999)
- Lii (2000)
- Joko: From Village To Town (2000)
- Joko: The Link (2000)
- Rewmi (2000)
- Le Grand Bal (2000)
- St. Louis (2000)
- Le Grand Bal a Bercy (2001)
- Ba Tay (2002)
- Nothing's In Vain (2002)
- Youssou N'Dour and His Friends (2002)
- Kirikou (2004)
- Egypt (2004)
- Alsaama Day (2007)
- Rokku Mi Rokka (2007) — #30 yn Rolling Stone's Top 50 Albums of 2007.[1]
- Special Fin D'annee : Salegne-Salegne (2009)
- Dakar - Kingston (2010)
- Mbalakh Dafay Wakh (2011)
Kompilaasjealbums [bewurkje seksje]
- The Best of Youssou N'Dour (1995)
- Euleek Sibir with Omar (You et Pene) (1996)
- Immigrés/Bitim Rew (1997)
- Best of the 80's (1998)
- Hey You: The Essential Collection 1988–1990 (1998)
- Birth of a Star (2001)
- Rough Guide to Youssou N'Dour & Etoile de Dakar (2002)
- 7 Seconds: The Best of Youssou N'Dour (remastered) (2004)
- Instant Karma: The Amnesty International Campaign to Save Darfur — John Lennon's "Jealous Guy" (2007)
Keppelings om utens [bewurkje seksje]
- Offisjele webside N'Dour
- “Youssou N'Dour” World Music Legends
- “Youssou N'Dour,” African Music Encyclopedia, 1998
- “Youssou N'Dour” AfroWeb
- "Youssou N'Dour: I bring what I love" yn de IMDb
- Stock Exchange Of Visions: Visions of Youssou N'Dour (Video Interviews)
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|