Yoka Berretty

Ut Wikipedy
Yoka Berretty
akteur
Yoka Berretty yn 1974
Yoka Berretty yn 1974
persoanlike bysûnderheden
echte namme Johanna Ernistina Petrusa Meijeringh
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 8 maaie 1928
berteplak Rotterdam
stoarn 28 novimber 2015 (87 jier)
stjerplak Rijswijk
jierren aktyf 1954-2000
offisjele webside
Yoka Berretty yn de IMDb
Yoka Berretty en Wim van den Heuvel yn Literatuur (1961)

Yoka Berretty, pseudonym fan Johanna Ernistina Petrusa Meijeringh, (Rotterdam, 8 maaie 1928Rijswijk, 28 novimber 2015) wie in Nederlânske aktrise en sjongster. Se ferskynde yn 35 films en telefyzjeprogrammas tusken 1954 en 2000.

Hja begûn har karriêre yn Italjaanske films as: Angela (1955, Edoardo Anton, Dennis O’Keefe) de hitfilm Pane, amore e... (1955, Dino Risi), La banda degli onesti (1956, Camillo Mastrocinque) en Gli occhi senza luce (1956, Flavio Calzavara) en spile yn ynternasjonale produksjes as The Last Blitzkrieg (1959, Arthur Dreifuss) en Das Letzte Kapitel (1961, Wolfgang Liebeneiner).

Begjin jierren 60 wie hja ien fan de haadpersoanen yn de satiryske telefyzjerige Zo is het toevallig ook nog eens een keer en hie sy in rol yn de spylfilm De Overval.

Yn 1994 spile hja in rol yn de film Eva fan Theo van Gogh.

Sy is boaske mei Andreas Landshof, soan fan de útjouwer Fritz Helmut Landshoff enRuth Hellberg, in Dútsk aktrise (û. o. der Postmeister) en is de mem fan regisseur Benjamin Landshoff.

Yoka Berretty stoar yn de âldens fan 87 yn it sikehûs, nei't se in wike earder fan de trep fallen wie.

Filmografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]