Ynterfryske Flagge

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De Ynterfryske Flagge

De Ynterfryske Flagge is in mienskiplike flagge dy't symboal stiet foar alle Fryslannen. It idee om san flagge te ûntwerpe ûntstie op it trijejierlikse gearkomst op Helgolân yn 2004. De flagge waard yn 2006, by de betinking fan de Slach by Warns by it Reaklif, foar it earst hyst. De flagge is makke yn gearwurking tusken de Groep fan Auwerk en de Fryske Rie fan Heraldyk.

Ynhâld

[bewurkje seksje] De flagge

De flagge bestiet út in goudgiele eftergrûn mei in wyt-blauw 'Skandinavysk krús'. Fjirder stean der fjouwer reade pompeblêden yn de hoeken fan it krús.

[bewurkje seksje] It krús

De kar foar it Skandinavyske krús is makke fanwege it feit dat de Friezen as folk op ferskate gebieten besibbe binne mei de oare folkeren rûnom de Noard- en Eastsee, wêr't dit krús in protte foarkomt. De foarm fan it krús ferwiest nei de bân fan de Friezen my it Kristlik leauwe en de krústochten dêr't de Friezen ek oan mei dien ha.

[bewurkje seksje] De pompeblêden

Yn alle fjouwer goudgiele fjilden, dy't skeiden binne troch it krús, steane pompeblêden. Fjouwer yn totaal. De pompeblêden steane foar alle Fryslannen, Noard, East, Súd (foar de Friezen om utens en de Fryske Ommelannen) en West. De pompeblêden wize nei elkoar ta, om lykweardich gear te wurkjen.

[bewurkje seksje] De kleuren

De kleuren fan de Ynterfryske Flagge binne liend fan de ûnderskate Fryske flaggen. Sa is de giele kleur út de Noardfryske flagge en de flagge van Sealterlân. Fjirder komt dizze kleur ek foar yn de foarm fan de liuwen op it provinsjewapen van Fryslân en op de flagge fan West-Fryslân. De kleur blau komt op alle Fryske flaggen foar, wylst wyt yn de flaggen fan Helgolân, West-Fryslân, de provinsje Fryslân, de Ommelannen foarkomt. It read fan de pompeblêden komt ek op de measte flaggen fan de Fryslannen foar.

[bewurkje seksje] Doel

It doel fan de flagge wie om alle Fryslannen mei elkoar te ferbiene. Alle Friezen moatte harren werom fiene kinne yn de flagge. Mei dizze flagge wurd hope dat de ferskate Fryslannen noch mear gearwurkje kinne.

[bewurkje seksje] Keppeling om ûtens

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels