Ynsektivoar

Ut Wikipedy

In ynsektivoar of ynsekte-iter is in karnivoar organisme dat ynsekten brûkt om him mei te fieden. De term is in kombinaasje fan it wurd "ynsekt" mei it Latynsk efterheaksel -vorus ("iter"). It begryp "ynsektivoar" moat net betize wurde mei de ynsekte-iters (Eulipotyphla), in taksonomysk skift dêr't bygelyks de stikelbargen, pipermûzen en mollen ta hearre. De leden fan dy groep ite oer it algemien net inkeld ynsekten mar ek oar wrimelt, wylst in protte ynsektivoare libbensfoarmen krekt nèt ta de Eulipotyphla rekkene wurde; sa libje hast alle amfibyen en in protte reptilen (hagedissen) hast útslutend fan ynsekten. Teffens binne der ynsektivoare, fleisitende planten, en beskate ynsektesoarten binne sels ek ynsektivoar.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.