Ynrigelje

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Ynrigelje (Ingelsk, to inline) by in kompjûterprogramma betsjut, dat de behearder fan in webstee op in plak dat him goed tinkt, in programmaatsje of stylelemint oproppe kin. Dêrby binne trije partijen fan belang. De earste is de programmamakker, dy't yn beskate marken (tags) de mooglikheid bout om mei in begryp (element) bygelyks in plaatsje of in eftergrûnkleur op te roppen. Twads is dêr de behearder fan it webstee, dy't ien en oar yn beskate marken rigelet. En treds moat de brûker in sadanige blêder hawwe, dat dy de ynrigele koaden werkent en omset nei de kleur of it plaatsje.

It ynrigele begryp wurket allinne mar tusken it begjin en de ein fan de markearing. Sa soene jo in sykopsje meijaan kinne, dy't allinne mar tusken de marken fan ien alinea sykje kin.

De behearder fan in webstee - dat makke is mei hokker programmeartaal dan ek - soe sa bygelyks by in ynfolformulier in HTML-tekstbewurker ynrigelje kinne, om't in soad minsken dêrmei bekend binne.