Yndiaaske subkontinint

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Yndysk subkontinint

It Yndiaaske subkontinint is it gebiet yn Súd-Aazje dêr't de lannen Yndia, Banglades, Pakistan, Sry Lanka en dielen fan Nepal, Bûtan, Myanmar en Sina lizze. Yn Pakistan wurdt it subkontinint ek wol it Yndo-Pak Subkontinint neamd.

Geologysk sjoen wurdt it gebiet in subkontinint neamd, meidat it gebiet op in eigen tektoanyske plaat leit, de Yndyske plaat, dêr't it gebiet fan de rest fan Aazje ôfsûndere wurdt. It súdlike gebiet fan it subkontinint foarmet in mânsk skiereilân, wylst it yn it noarden ôfskieden wurdt fan Sina en Mongoalje troch de Himalaya. Dizze rige bergen wurket ek as kulturele grins tusken it subkontinint en it oare part fan Aazje.

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen