Ygo Gaeles Galama

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Wapen fan de famylje Galama

Ygo Gaeles Galama, ek wol Ige Galama of Yga Galama( *± 1450 - Warkum, 25 jannewaris 1492 ) wie in rike Fetkeaperske ealman út Gaasterlân dy't yn Himmelum en Koudum en Aldegea wenne hat.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Yge wie de soan fan Gale Yges Galama en Tryn Douwesdr Harinxma. It houlik fan Gale en Tryn wie bedoeld om in soarte fan frede te krijen tusken Skieringers en Fetkeapers. Gale wie fan hûs út in Fetkeaper en Tryn kaam út in Skieringer famylje. Yge troude mei in Goslinga, it houlik wurdt neamd yn it “Stamboek van de Friese Adel", en se krigen fjouwer bern: Tryn, Otto, Maaike en Juw. Syn bynamme It Wâldswyn krige Ige troch syn wrede fjochterijen. Syn stins by Aldegea wie neffens oerlevering meters dik.

Yn dy tiid wie Westergoa, en dus ek Koudum in bolwurk fan de Skieringers. Yge krige spul mei de abt fan it Sint Odulfuskleaster yn Himmelum by Starum oer de hieropbringsten fan pleatsen om't er fûn dat it jild foar him wie. Begjin 1486 bruts tusken beiden in fûleindige kriich út dêr't Yge bûtenlânske knechten by it lân yn brocht. Harren striid gie sa fûl dat Yge sels yn de tsjerklike ban dien waard. Dochs seagen de Trynsteden derfan ôf om yn te gripen en ek Sicka Siarda en Piter Harinxma hâlden har bûten de striid. Nei alle gedachten waard frede sletten en Yge stjoerde syn bûtenlânske knechten tebek. Mar it konflikt flamme wer op en yn de maaitiid fan 1487 brutsen op 'e nij gefjochten út oer en wer op. Diskear wie it de abt dy't knechten op it striidtoaniel brocht. De Fetkeaperske steden Ljouwert en Boalsert easken dat dizze it lân útsetten waard en al gau spatte it stedenferbûn útinoar. De striid wreide har fierder út, Ljouwert en Boalsert kamen tsjinoer Snits en Frjentsjer te stean, dy't de side fan de abt fan Himmelum keazen. Nei de oermastering fan de stêd Ljouwert yn july 1487 slagge Snits en Frjentsjer deryn alle wichtige steunpunten fan Gale yn te nimmen, wêrnei dizze útwike moast nei Hollân.

Hjirnei besiket Yge Galema ferskillende kearen om yn Westerlauwersk Fryslân werom te kommen. Twa kear mislearren syn besikingen, mar yn jannewaris 1492 slagget hy deryn yn it geheim Boalsert te beriken om ferfolgens mei help fan Juw Juwinga in súksesfolle greep nei de macht te dwaan yn Warkum. De Skieringer haadlingen Bocka Harinxma en Juw Hottinga komme dêrop yn it gewear en Yge rekket yn de striid slim ferwûne en hy wurdt neidat er bychte hat troch de soldaten wreed fermoarde.

Oar[bewurkje seksje | edit source]

Tsjintwurdich is der in wei nei him neamd by Aldegea: de Ige Galamawei.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Worp fan Thabor, De Kroniek van Friesland, 1517-1538.
  • O. Vries, Het Heilige Roomse Rijk en de Friese vrijheid, 1986, De Tille-Leeuwarden,