Yfke Sturm

Ut Wikipedy
Yfke Sturm

Yfke Sturm (Almere, 19 novimber 1981) is in Nederlânsk fotomodel.

Wurkpaad[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sturm die yn 1997 mei oan de Nederlânske ferzje fan de Elite Model Look neidat sy op strjitte oansprutsen waard troch immen fan Elite Model Management. Sy wûn de wedstriid, en fuort dêrnei de International Elite Model Look Contest yn Nice, Frankryk. Sy wie doe 15 jier. Nei dat súkses tekene Yfke kontrakten mei Ralph Lauren en Calvin Klein.

Portfolio[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sturm hat yn Vogue, Elle, Marie Claire, Cosmopolitan en Glamour stien. Sturm ferskynde ûnder oaren ek yn de kampanjes fan Ralph Lauren, Calvin Klein Cosmetics, DKNY, Armani en GAP. Teffens rûn hja op de catwalk foar de ûntwerpers Ralph Lauren, Calvin Klein, Versace, Victoria's Secret en Chanel.

Telefyzjewurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

2006 presintearre Sturm by RTL 5 Holland's Next Top Model, de Nederlânske fariant fan America's Next Top Model. In jier letter die hja de twadde rige fan it programma; Holland's Next Top Model 2. Fierders hat Sturm yn de Victoria's Secret Fashion Show foar CBS har kollegamodellen yntervieuwd.

Njonken it modellewurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sturm is ambassadrise fan it Nederlânske Reade Krús en sette útein mei "Yfke for kids", dy't help jout oan bern mei AIDS of dy't harren âlden ferlern hawwe oan dy sykte, yn de mande mei dy organisaasje. Sturm skreau ek in boek mei tips oer it modellefak: "Yfke's Model Secrets".

Privee[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sturm wennet sûnt 2002 yn New York en wie fan 2007 oant en mei 2010 troud mei Imad Izemrane.

Keppeling on utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]