Yerma

Ut Wikipedy
Yerma
algemiene gegevens
oarspr. titel Yerma
auteur Federico García Lorca
taal Spaansk
foarm toanielstik
sjenre trageedzje
skreaun 1934
1e opfiering 1934
rige
rige Plattelânstrilogy
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Yerma
publikaasje 19??, Aldemardum
útjouwer eigen behear/Frysk Toaniel Ferbûn
oersetter Klaas Bruinsma

Yerma, mei deselde titel yn it oarspronklike Spaansk, is in toanielstik fan 'e fermoarde Spaanske toanielskriuwer en dichter Federico García Lorca (1898-1936). It is ien fan syn meast ferneamde stikken en foarmet yn 'e mande mei It Hûs fan Bernarda Alba en De Bloedbrulloft syn offisjeuze "Plattelânstrilogy". García Lorca skreau Yerma yn 1934 en it waard noch datselde jiers foar it earst opfierd. De trageedzje fertelt it ferhaal fan in frou sûnder bern op it Spaanske plattelân, wa har wanhopige memmewinsk oft har der úteinlik ta driuwt om in skriklike misdie te begean. Yerma waard nei it Frysk ta oerbrocht troch oersetter Klaas Bruinsma.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yerma (Spaansk foar "ûnfruchtber") is in faam dy't twa jier troud is mei Juan, in man dy't har heit foar har útsocht hat. Juan is in hurde wurker, dy't gauris de hiele nacht trochboddet om wat mear te fertsjinjen. Yerma kin it ekstra jild dat dat opbringt lykwols neat skele; alles dat sy hawwe wol, is in bern. Har kammeraatske María is noch mar fiif moanne troud en no al swier. Yerma is bang dat as se net mei gauwens yn ferwachting rekket, har bloed ta gif feroarje sil. As har man net thús is, sjongt se ferskes foar en fertelt se ferhalen oan har bern dat noch net oanset is. Op in dei komt se op 'e dyk in âldwyfke tsjin, dat úthâldt dat hertstocht de kaai is ta swier-reitsjen. Yerma moat dêrop tajaan dat se temûk langet nei Victor, in âlde freon fan harsels en Juan, mar dat se nea net folle field hat foar Juan sels.

De aktrises Margarita Xirgu en Pilar Muñoz yn in Spaanske opfiering fan Yerma.

Trije jier binne foarbygien. Yerma is noch altyd net swier rekke, en der geane geroften dat se in oare man neirint. Juan hat syn beide susters yn 'e hûs helle om har yn 'e rekken te hâlden. Yerma fielt har thús opsletten, sa sûnder bern. Har houlik is har ta bitterens keard. María komt noch mar komselden del, mei't Yerma eltse kear as hja har poppe sjocht, yn gûlen útbarst. Op in dei komt Victor om ôfskie te nimmen. Dêrmei komt er Yerma alhiel oer 't mad, en hja is drôf dat er it doarp ferlitte sil. Letter komt oan it ljocht dat Juan Victor syn skiep kocht hat en dat dat ien fan 'e foarnaamste redens is dat er besletten hat om fuort. Yerma is lulk dat har man har ek har freonen noch ôfnimme moat, en wylst Juan Victor derút bringt, naait hja troch de efterdoar út nei it hûs fan Dolores, in âldere frou út it doarp. De oare moarns fynt Juan har dêr. Dolores en it âldwyfke hawwe de hiele nacht foar har bidden op it tsjerkhôf. Juan beskuldiget har fan oerhoer, mar Dolores ferflokt harsels, har lichem en har heite kar fan in man foar har.

Yerma giet op pylgerreis nei in beafeartsoard heech yn 'e bergen, dêr't withoefolle ûnfruchtbere froulju hinne geane. Dêr hingje allegear jongfeinten om yn 'e hope om mei in wanhopige frou op bêd te kinnen. It âldwyfke trunet Yerma oan om by Juan wei te gean, en in relaasje mei har soan te begjinnen, mar Yerma har eare en plichtsgefoel belette har soks. Juan, dy't it petear ôfharke hat, seit dat se ophâlde moat mei har gejammer oer bern en gewoan tefreden wêze moat mei wat se hat. Dan beseft Yerma foar it earst dat Juan nea in bern hawwe wollen hat en dat ek nea wolle sil. Hja rekket alhiel bûten harsels en docht him dea troch him te smoaren. Dêrmei ûntnimt se harsels ek eltse kâns om ea noch in bern te krijen. It toanielstik einiget as Yerma útropt: "Bliuw by my wei, want ik haw myn soan fermoarde, iksels haw myn eigen soan fermoarde!"

Fryske oersetting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yerma is ûnder deselde titel nei it Frysk ta oerbrocht troch klassyk oersetter Klaas Bruinsma, dy't fral bekend is om syn ferfrysking fan û.m. Homêros syn Ilias en Odyssee. It waard yn in boekje fan 63 siden útjûn troch it Frysk Toaniel Ferbûn (of mooglikerwize yn eigen behear, mar mei stipe fan it Frysk Toaniel Ferbûn, dat is net alhiel dúdlik), al waard dêrby neffens de gegevens yn it digitaal argyf fan Tresoar gjin jier oanjûn. Bruinsma syn oersetting is yn te sjen by Tresoar ûnder oanfraachnû. 10966 fr folio.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • García Lorca, Federico, Yerma (oers. Klaas Bruinsma), Aldemardum, sûnder jier (eigen behear/Frysk Toaniel Ferbûn), Tresoar: oanfraachnû. 10966 fr folio.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bibliography, op dizze side.