Xena: Warrior Princess

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Xena: Warrior Princess is in Amerikaanske televyzjesearje, dy't makke waard fan 1995 oant 2001 en dy't yn in soad lannen útstjoerd is. It wie in sabeare spin-off van de searje Hercules: The Legendary Journeys.

[bewurkje seksje] Beskriuwing

De searje, dy't opnommen waard yn Nij-Seelân mar dy't spilet yn it âlde Grikelân, giet oer Xena (in rol fan Lucy Lawless). Xena wie yn Hercules: The Legendary Journeys in wrede, manipulative en oarlochssuchtige oanfierdster fan in skelmenleger, mar yn Xena: Warrior Princess is se ta ynkear kommen en besiket se har minne dieden goed te meitsjen. Dêrby moetet se Gabrielle (spile troch Renée O'Connor), in jong famke dat se rêdet út de hannen fan slavehannelers. Al binne de ferhalen yn de searje spannend en heldhaftich, yn wêzen giet it allegear om de beide haadpersonaazjes en harren ûnderlinge relaasje.

Foar Xena falt it net ta en bliuw op it rjochte paad, om't it in stik dreger blykt te wêzen om it goede te dwaan as it kweade. Sels at se deryn slagget om it goede te dwaan bliuwt Xena der by harsels fan oertsjûge dat se eins in kwea minske is en har bloederige ferline net mei goede dieden kompensearje kin. Dizze ynderlike striid is in wichtige motivaasje foar har dwaan en litten.

Gabrielle wurdt yn de searje folge wylts se waakst nei folwoeksenens, in proses dat fansels net sûnder tsjinslach en teloarstellings ferrint. Har opjefte is om by alle ellinde, dea en ferrie doch yn it goede fan de minske fertrouwen te bliuwen. Oan it begjin fan de searje is dat foar har noch in nayf leauwen, mar letter wurdt it foar har in bewuste kar en libbensfilosofy.

De searje wûn seis Emmy Awards en waard nominearre foar noch ris fyftjin.

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen