XFANZ Award

Ut Wikipedy
XFANZ Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
útrikt foar pornografyske film
útrikt troch XFANZ Summer Expo
frekwinsje 1x jiers
plak Las Vegas (Nevada)
ynsteld 2010
1e útrikking 2010
offisjele webside
www.xfanz.com

De XFANZ Awards binne in groep Amerikaanske prizen dy't ienris yn it jier takend wurde foar de bêste pornoakteurs en -aktrises. Dizze prizen wurde útrikt op it XFANZ Summer Expo, it earste pornografyske ekspo dat yn 'e iepen loft holden wurdt, yn it Hard Rock Hotel & Casino, te Las Vegas, yn 'e Amerikaanske steat Nevada. De prizen wurde takend op grûn fan in stimming ûnder de fans (dêrfandinne de namme).

De earste útrikking waard holden yn 2010. Der binne acht kategoryen: froulike stjer fan it jier; manlike stjer fan it jier; nije (froulike) stjer fan it jier; ynternetbabe fan it jier; milf fan it jier; Aziatyske stjer fan it jier; Latina-stjer fan it jier; en ebony-stjer fan it jier. Dêrnjonken binne der noch twa spesjale prizen: de Super Star Honors ("superstjerearepriis") en de Legendary Star Honors ("legindaryske-stjerearepriis"). De bekendste winneresse fan in XFANZ Award is nei alle gedachten pornoaktrise Lisa Ann, dy't yn 2010 ta milf fan it jier útroppen waard.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: