Wynzermûne

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Wynzermûne

De Wynzermûne is in poldermole noardeast fan it doarp Wyns yn de gemeente Tytsjerksteradiel. It is in houten achtkante mûne, mei stiennen fjildmuorren, dekt mei reid.

De Wynzermûne, in grûnsiler, waard yn 1871 boud foar it bemeallen fan de Wynzerpolder. In 1931 krige de mûne in nije fizel. Ek krige hy de saneamde Dekkerwjukken, dy't lykwols by in restauraasje yn 1970 ferfongen waarden troch fokwjukken. Oant ûngefear 1975 bleau de mûne yn bedriuw, al gie dat de leste jierren benammen op motorkrêft.

In 1993 waard de Wynsermûne eigendom fan de Stifting De Fryske Mole, dy't him yn 1994/1995 opnij restaurearje liet. Lange tiid stie de mûne mids in soad begroeiing. Yn 2006 ferbettere de situaasje, doe't in soad fan de beammen en strewelen der omhinne kapt of snoeid waarden. Yn datzelfde jier waard de Wijnzermûne troch it Wetterskip Fryslân oanwiisd as reservegemaal yn gefal fan wetteroerlêst.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]