Wynmotor Nijetrine 6

Ut Wikipedy
De Wynmotor Nijetrine 6 yn 2009

De Wynmotor Nijetrine 6 is in poldermole by it doarp Nijetrine, yn de Nederlânske gemeente Weststellingwerf.

De mole is in Amerikaanske wynmotor mei in wynrêd fan 12 blêden en in diameter fan 2,5 meter. Hy stiet yn it natoergebiet de Rottige Meente, wêr't Nijetrine middenyn leit, by de trijesprong fan de N351 mei de wei nei De Langelille. De wynmotor is net foar publyk iepene, mar kin oant koarte ôfstân benei komd wurde.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: