Wymbritseradiel

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Gemeente Wymbritseradiel
Flagge fan de gemeente Wymbritseradiel    Wapen fan de gemeente Wymbritseradiel
(Flagge fan Wymbritseradiel) (Wapen fan Wymbritseradiel)
Lokaasje fan de gemeente Wymbritseradiel
Provinsje Fryslân
Boargemaster -
Haadplak Drylts
Gebiet
- wetter
162,74 km²
-  24,41 km²
Ynwenners 16.153
Ferkearsieren A7, N354, N359
Netnûmer 0514, 0515
Postkoades 8529 - 8774
Offisjele webstee www.wymbritseradiel.nl

Wymbritseradiel (offisjeel Frysk; Nederlânsk: Wymbritseradeel), ek wol Wymbrits, is in eardere gemeente yn it súdwesten fan Fryslân, mei 16.153 ynwenners (18 july 2006), en mei in gebiet fan 162,72 km², wêrfan 23,64 km² wetter. Op 1 jannewaris 2011 is Wymbritseradiel fúsearre mei de gemeentes Boalsert, Wûnseradiel, Nijefurd en Snits ta de nije gemeente Súdwest Fryslân.

Ynhâld

Skiednis[bewurkje seksje]

Gritenij[bewurkje seksje]

Wymbritseradiel is ûntstien út it lân Wymbrits. Trochdat de stêden selstannig waarden, en oan de súdkant meardere gritenijen ôfsplit waarden, ûntstie by 1500 de foarm fan de gritenij dy't Wymbritseradiel oant de gemeentlike weryndieling fan 1984 hold.

Weryndieling[bewurkje seksje]

By dy weryndieling wie it plan om Wymbritseradiel en de twa stêden Snits en Drylts, dy't der as eilannen yn leinen, ta ien gemeente te foarmjen, mar dêr wienen in soad ynwenners op tsjin om't dy tochten dat Snits dan te oerhearskjend wurde soe. It resultaat wie dat Drylts al by Wymbritseradiel kaam, mar dat Snits selstannich bleau. Fierders gongen de doarpen Ysbrechtum, Loaiïngea en Offenwier nei Snits en Nijhuzum nei Nijefurd. Oan de oare kant kamen Kûfurderrige en Smelbrêge fan Doanjewerstâl en Greonterp fan Wûnseradiel by Wymbritseradiel.

Gea[bewurkje seksje]

Yn 2010 is de lânynrjochting Wymbritseradiel ôfsletten. By dy ynrjochting fan njoggentjin jier binne maatregels foar de lânbou naam en 245 bunder natoer oanlein.

Plakken[bewurkje seksje]

De haadstêd is Drylts, en de oare plakken yn de gemeente binne: Abbegea, Aldegea, Blauhûs, Easthim, Folsgeare, De Gaastmar, Gau, Goaiïngea, Greonterp, Heech, De Hommerts, Idzegea, Yndyk, Ypekolsgea, Jutryp, Koufurderrige, Nijlân, Sânfurd, Skearnegoutum, Smelbrêge, Toppenhuzen, Tsjalhuzum, Turns, Twellingea, Wâldsein, Westhim en Wolsum.

Untwikkeling ynwennertal[bewurkje seksje]

Sjoch ek[bewurkje seksje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje]