Wylp

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Wylp

De wylp (Numenius arquata) is in fûgel út de famylje fan de strânrinners en snippen (Scolopacidae). It is in grutte steltrinner (52 sm lang) mei in 9 - 15 sm lange, kromme nei ûnderen bûgde snaffel. It is de grutste steltrinner fan West-Europa. Hy is sûnder mis te werkennen, betizing is allinnich moogklik mei de reinwylp dy't 10 sm lytser is mei in snaffel fan 6 - 9 cm. De wylp hat net folle tekening op de kop, allinnich in skiere ljochte eachstreek. De reinwylp hat in donkere eachstreek en in krúnstreek.

Status yn Nederlân[bewurkje seksje | edit source]

Yn Nederlân binne wylpen it hiele jier troch te finen. De fûgel briedt yn iepen agrarysk gebiet mar ek yn droege, iepen natoergebieten. Yn de jierren 1980 groeide it oantal fûgels dat briede yn agrarysk gebiet en naam it oantal dat keas foar natoergebieten ôf. Fûgels dy't yn Nederlân briede, oerwinterje súdliker, bygelyks yn Belgje, Frankryk, Dútslân, Ierlân, Spanje en it Feriene Keninkryk. Yn de winter hâlde hjir fûgels ta út Ruslân en Skandinaavje en mooglik in lyts oantal dat hjir ek briede.

Yn it briedseizoen binne se yn hiel Europa werom te finen, mei útsein inkele lannnen yn Súdeast-Europa.
De wylp stiet net op de Nederlânske reade list, wol op de ynternasjonale IUCN-list as 'gefoelich' (Near Threatened).

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Numenius arquata en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.