Wylde Jacht

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Åsgårdsreien fan Peter Nicolai Arbo (1872)

De Wylde Jacht is de namme fan in sêge út âlde tiden yn Noard, West en Sintraal-Jeropa. Yn de sêge raasde in spoekeftige jachtgroep op hynders yn it tsjuster troch de loft. It ferskinen fan de Wylde Jacht waard sjoen as foarbea fan kommende tonger.

It ferskynsel iepenbierde him benammen by jûlfeesten. Dat wienen Germaanske sinnewendefeesten om de koartste dei fan it jier hinne. Mooglik wienen der ek noch ferskinings letter yn de winter, oan de Germaanske maaitiidsfeesten ta. Dy mominten komme oerien mei it Kristlike krysttiid en peaske.

Yn de Germaanske mytology wie de lieder fan de jachtgroep Weda, de lulke, oare mytologyske of legindaryske persoanen komme ek wol foar as lieder.

Rûnom yn Jeropa binne der lytse ferskillen yn de ferhalen. Sa rydt Weda yn Sweden yn in karre en net op in hynder sa as dat yn oare ferhalen faak sein wurdt.

Barren[bewurkje seksje | edit source]

De Wylde Jacht wie in lûde en baltende jachtstaasje fan ferstoarnen, foargien troch de lieder fan de jacht. Dat wie meastal Weda 'de lulke', de haadgod út de Germaanske mytology, of syn Noardske tsjinhinger Odin. Hy ried mei syn spear yn 'e hân op syn achtpoatige hynder Sleipnir en waard folge troch in gûlend, jammerjend, âljend en razend deadeleger, tegearre mei jachthûnen of oare jachtbisten. Somtiden wie ek muzyk te hearren.

De meidoggers oan de jacht wienen manlju, froulju en bern dy't mei geweld oan harren ein rekke wienen. Somtiden waarden taskôgers meilutsen yn de jacht en moasten se jierren mei oplûke by de jacht.

De Wylde Jacht jage op de wolf Fenrir, dy't de sinne opsnaske hie. Dêrtroch kaam de nacht.

Minsken dienen it lûd fan de Wylde Jacht wol nei troch ûnder oare op in oksehoarn te blazen. Sa waard de jagers fan de Wylde Jacht help bean yn de jacht op de Fenrir. Mar meastal waard beskutting socht tsjin de jacht, it sjen nei de Wylde Jacht soe ûngelok bringe foar de taskôgers.

It gûlen fan hûnen en wolven wurdt wol yn ferbân brocht mei de Wylde Jacht.

Yn Grinslân komt de Wylde Hear del mei Halloween.

Oarsprong[bewurkje seksje | edit source]

In fleanende kano, wat tinken docht oan de fleanende slide fan de Krystman.

De Eastenrykske Germanist Otto Höfler hat mei grutte wissichheid fêststelt dat de Wylde Jacht foar in grut part werom te fieren is op it ferearjen fan stoarne foarâlden troch kriichsmannen dy't harren by krigersbûnen oan Weda oansletten hienen. De Nederlânske Germanist en folkskundige Jan de Vries mient dat de Wylde Jacht dêrneist ek eleminten út de Noardske mytology hat, bygelyks de Einherjar: Sneuvele krigers dy't troch Walkuren útferkeazen wienen om yn it Walhalla te bliuwen. De Vries ferwiist ek nei de Romeinske skriuwer Tasitus, dy't yn syn De origine et situ Germanorum de Germaanske stam de Harii beskriuwt: Tasitus neamd de yn it swart ferve Germaanske krigers feralis exercitus, it leger fan de deaden. Nei alle gedachten binne eleminten út de Wylde Jacht letter oernaam yn de Sinteklaasleginde.

De sek fan Sinteklaas foar de stoute bern hat in protte oerienkomsten mei it saneamde skrobearringsrjocht fan de Germaanske krigersbûnen, dy't in foarmjende en korrisjearjende taak yn de mienskip hie. It deadeleger fan swarte krigers soe model stien hawwe foar de Swarte Piten fan tsjintwurdich. It soe ek dúdlik meitsje wêrom Sinteklaas oer de dakken rydt en pakjes yn de skoarstien goait, wat yn de winter mei it fjoer oan dochs net it beste plak wêze kin foar de pakjes. Tankoffers waarden yn it fjoer goaid, dat fjoer waard letter troch in iepen hurd ferfongen en tsjintwurdich sette bern harren offer sels foar de sintrale ferwaarming.

De Krystman rydt in syn fleanende slide, lutsen troch rindieren, op krystjûn troch de loft om kadootsjes te bringen. Ek dat hat oerienkomsten mei de Wylde Jacht.

Weda as oanfierder fan de jacht.

Oanfierders fan de Wylde Jacht[bewurkje seksje | edit source]

Oeral yn Jeropa wêr't de sêge fan de Wylde Jacht har fertelle lit komme oare oanfierders fan de jacht foar.

Neist Weda komme ek oare oanfierders fan de Wylde Jacht foar. Yn de Midsieuwen waard de staasje somtiden oanfierd troch in hillige, wêrûnder Nikolaas fan Myra en syn feint Rûprecht. Ek Sint Marten wurdt wol neamd as oanfierder. Oare persoanen dêr't fan sein wurdt dat sy as oanfierder de Wylde Jacht tsjinne hawwe, binne ûnder oare Bernhard fan Galen, de Deenske kening Waldemar, Karel de Grutte, Kening Arthur en Satan. Ek hawwe froulju de Wylde Jacht oanfierd hawwe, dat wiene mytologyske, legindaryske of sêgefigueren as Perchta, Herodias, Frou Holle.

Oare talen[bewurkje seksje | edit source]

Yn oare talen is der in grut ferskaat oan ferwizings nei de Wylde Jacht. Sa wurdt yn it Nederlânsk ek wol Wilde Heer brûkt foar de Wylde Jacht. Yn it Dútsk wurdt it wol Wuotanes Her, Die Wilde Jagd of Das Wilde Heer neamd. Yn it Ingelsk is it Wild Hunt. Yn Skandinaavje wurdt de Wylde Jacht wol Odens jakt, Odens hundar, Oskorei, Jolareidi of Åsgårdsrei neamd.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]