Wyk by Duurstede
Wyk by Duurstede is in stêd en gemeente yn it suden fan de provinsje Utert.
De gemeente hat 23.066 ynwenners (1 april 2011, boarne: CBS) op in oerflakte fan 50,3 km² wêrfan 2,68 km² wetter. Troch en lâns Wyk by Duurstede streame de rivieren Nederryn, Lek, Krûme Ryn en it Amsterdam-Rynkanaal.
De gemeente grinzet oan de gemeenten Houten, Bunnik, Utertske Heuvelrêch, Culemborg en Buren.
Ynhâld |
Nammeferklearring [bewurkje seksje]
Foar it nammediel Wyk wurde ferskillende ferklearrings jûn, it soe ûnder mear werom gean op it Romeinske vicus, of it Germaanske wik dat "bocht" of "ynholte" betsjut.[1] It nammediel Duurstede lit him werliede ta it eardere handelsplak Dorestêd, hokker namme op syn minst diels fan Keltyske oarsprong is.[2]
Skiednis [bewurkje seksje]
Yn de Romeinske tiid stie hjir oan de Ryn in Romeinsk castellum, grif Levefanum. Ek rûn de noardlike grins (limes) fan it Romeinske Ryk dwers troch Wyk by Duurstede.
Yn de iere midsieuwen lei der ien fan de wichtichste hannelsplakken fan Noardwest-Europa: Dorestêd. Om 850 foel Dorestêd troch oanfallen fan de Wytsingen. Sa wie oan frij resint de skiedskriuwing. Der wurdt wyls lykwols slim rekken mei hâlden dat natuerlike en (tsjerke)politike faktoaren yn kombinaasje mei de ferskowende machtsferhâldings nei alle gedachten in gruttere rol spilen. De Rynbêding soe him wat ferlein hawwwe, de haven soe yn dy tiid ek begjinne te fersânjen en dêroerhinne kaam in wetterstiging. It ferfal fan Dorestêd betsjutte bloei foar Tiel, Dimter en letter Utert. Der binne in soad fynsten dien yn en om Wyk by Duurstede út dizze skiednisperioades, dy't te sjen binne yn Museum Dorestêd.
Wyk by Duurstede krige yn 1300 stedsrjochten fan Gysbert fan Abcoude en wie boud oan in yn 1270 boude wentoer dy't groeie soe ta kastiel Duurstede. Koart dêrnei is grif begûn mei de ferdigening fan de stêd mei it oanbringen fan in ierden omwâling en omgrêfting wêrby't foar de omgrêfting diels gebrûk makke waard fan de âlde rivierbêdingen. Mids 14e ieu waard de stêd yn eastlike rjochting útwreide en fermoedlik waard yn dyselde perioade de stêd foarsjoen fan in stedsmuorre mei stedspoarten en fersterkingstuorren. De stedsmuorre en omgrêfing waarden om 1445 fernijd.[3]
Lizzing [bewurkje seksje]
De gemeente Wyk by Duurstede hat in lanlike lizzing boppe de grutte rivieren yn it midden fan Nederlân. It leit oan de krusing fan it Amsterdam-Rynkanaal mei de Lek en de splitsing fan de Nederryn yn de Lek en de Krûme Ryn.
Kearnen [bewurkje seksje]
De gemeente bestiet út de stêd Wyk by Duurstede (18.376 ynwenners) en is op 1 jannewaris 1996 gearfoege mei de gemeenten Cothen (2973 ynwenners) en Langbroek (2110 ynwenners).
Toerisme [bewurkje seksje]
Kastielen [bewurkje seksje]
- kastiel Duurstede
- kastiel Groenesteyn
- kastiel Hindersteyn
- kastiel Leeuwenburg
- kastiel Lunenburg
- kastiel Rynestein
- kastiel Sandenburg
- kastiel Walenburg
- kastiel Weerdesteyn
- kastiel Zuilenburg
Mûnen [bewurkje seksje]
- nôtmûne Oog in 't Zeil (Cothen)
- nôtmûne Ryn en Lek (Wyk by Duurstede)
Ryksmonuminten [bewurkje seksje]
- List fan ryksmonuminten yn Wyk by Duurstede (plak)
- List fan ryksmonuminten yn Wyk by Duurstede (gemeente)
Festivals [bewurkje seksje]
- Kleurryk Wyk
- Jazz by Duurstede
- Gospel by Duurstede
- Shantyfestival
- Mazijkpop
- Catch-Up Festival
Musea [bewurkje seksje]
Rekreaasjegebieten [bewurkje seksje]
- Rekreaasjegebiet waarden fan Gravenbol
Wiken [bewurkje seksje]
- Binnenstêd (Sintrum)
- Frankenhof
- De Engk
- Noarderwaard
- Noarderwaard-noard
- Noarderwaard-súd
- De Horden
- Parkwijck
- Rivieren
- Ovens
- Skipsnammen
- Skipstermen
- De Heul
- De Geer
Takomstige bebouwing [bewurkje seksje]
- FeilingPark (op it plak fan it eardere feilingterrein)
- Rynweide (namme fan it wenwykje fan it Jolice Terrein, yn ûntwikkeling)
- Broekwei (útwreiding)
- De Geer II (útwreiding fan de Geer, tusken de Greve fan Lynden fan Sandenburgweg en de Remus)
Yndustry [bewurkje seksje]
- Broekwei
- Langshaven
Parken [bewurkje seksje]
- Dorestêd Plantsoen
- Evenemintenterrein / Stedspark
- Kastielpark
Ferkear en ferfier [bewurkje seksje]
Ofstannen [bewurkje seksje]
- Utert 24 km
- Amersfoort 24 km
- Amsterdam 64 km
Rivieren [bewurkje seksje]
- Feartsjinst Beusichemse fear oer de rivier de Lek ferbynt Wyk by Duurstede mei Beusichem (rjochting Culemborg)
Sport [bewurkje seksje]
Wyk by Duurstede hat in oantal sportferienings, wêrûnder fuotfalferiening CDW.
Bekende (eardere) ynwenners [bewurkje seksje]
- Rie Lips-Odinot (1908-1998), Twadde Keamerlid foar de CPN
- Jan Boone, Nederlânsk abbekaat
sieregisseur
- Irene van Lippe-Biesterfeld (5 augustus 1939), Prinses fan Lippe-Biesterfeld. Hja wennet in gedielte fan it jier yn dizze stêd.
- Nikkie Plessen (8 maaie 1985), Nederlânske presintatrise, aktrise en model
- Laura Dekker (20 septimber 1995),in Nederlânske solosylster mei de winsk om allinnich om de wrâld te silen.
Trivia [bewurkje seksje]
- Wyk by Duurstede hat in bynamme: "Dorestêd" (in súksesfolle hannelsstêd). It is net sa dat it hjoeddeiske Wyk by Duurstede in streekrjochte fuortsetting is fan it âlde Dorestêd. It is neamd nei kastiel Duurstede, dat op syn beurt wer neamd is nei Dorestêd.
- Wouter Hamel (19 mei 1977), Nederlânsk Jazz-sjonger
- W.G. van de Hulst jr. (4 juni 1917 - 27 juli 2006), Nederlânsk keunstskilder, byldhouwer, yllustrator en berneboekenskriuwer
- Marc Klein Essink (18 maart 1960), Nederlânsk presintator en akteur
- Martijn Lindenberg, Nederlânsk televyzjeregisseur
- Mûne Ryn en Lek yn Wyk by Duurstede wurdt wol ris De mûne fan Ruysdael neamd. De skilder Jacob van Ruisdael soe op in ferneamd skilderij de mûne ferivige hawwe. Dit is net wier; op it skilderij yn kwestje stiet in tichtbysteande mûne dêr't no allinnich noch mar de fûneminten fan te sjen binne.
- Op 14 novimber 1998 kaam de lanlike yntocht fan de Sint nei Wyk by Duurstede. De Pakjesboat 12 lei oan op de kaai by de passantehaven. Op dizze yntocht makke Erik van Muiswinkel syn debút as Haadpiet.
- Yn 1955 waard it NK Hurdfytsen hâlden yn Wijk by Duurstede , Thijs Roks waard doe Nederlânsk kampioen.
- Yn 1979 waard de rige: Bassie & Adriaan en de Diamant opnomd yn kastiel Duurstede.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
-
Wyk by Duurstede haven 47.JPG
-
Wyk by Duurstede museum Dorestêd 45.JPG
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Wijk bij Duurstede fan Wikimedia Commons. |