Wybo Meyer

Ut Wikipedy

E.L. Wybo (Wijbe) Meijer (Ljouwert, 10 augustus 1885 - Sassenheim, 12 juny 1942) wie in Nederlandsk keunstner.

Hy wie in soan fan Johannes Carel Meijer (prokureur) en Gerritje Bleeker. Doe't er tweintich wie ferhuze Wybo Meyer mei syn âlden nei Haarlim. Yn 1912 ferfear er nei Laren (Noard-Hollân) dêr't er oant 1921 arbeide. Yn Amsterdam wenne er oant 1933 op ferskillende adressen, meast op keamers. Dêrnei wenne er oant 1937 yn Utert, dêrnei oant 1941 yn Voorschoten en syn lêste jier yn Sassenheim.

Nei it gymnasium yn Ljouwert, waard er learling fan de School voor Kunstnijverheid yn Haarlim. Ien fan syn leararen wie Chris Lebeau. Hy waard grafikus, keunstskilder, yllustrator, tekstylûntwerper en boekbânûntwerper. Foar Ujouwerij W.J. Thieme & Cie yn Sutfen ûntwurp er 18 boekbânen. Njonken dat makke er noch teminsten 34 oare omslach- en boekbânûntwerpen. Hy tekene karikaturen en skreau artikels foar it moanneblêd Den Gulden Winckel en De Groene Amsterdammer en ûntwurp eks-librissen. Meast ûndertekene er syn wurk mei "Wybo Meyer".

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: