Wybe Adam

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Tekening fan de keabelbaan yn Dantzig mei in portret fan Wybe Adam

Wybe Adam, ek bekend as Adam Wiebe, Adam Wybe, Wiebe Adams en Adam Wijbe (Harns, foar 1590 - Dantzig, nei 1644) wie in yngenieur- mûnebouwer en útfiner. Wybe wie nei alle wierskyn menist om reden wêrfan't er nei it bûtenlân ferfear.

Yn 1616 festige er him yn Dantzig (Adam der Mühlenbauer), dêr't er wetterleidingen oanlizze liet en gemalen boude. Yn 1633 waard er yngenieur by de oanlis fan festingswerken. By it sljochtsjen fan de Bisschofsberg by Danzig yn 1644 brûkte er ien fan de earste keabelbanen fan de wrâld om amers mei sân nei de stedswâlen yn oanbou te ferfieren.

Hy wurke ek yn Elbing, Thorn as Riga. Yn Warsjau wie er wer belutsen by de festingbou en waard er 1623 fan de Poalske kening Sigismund III ta Keninklik Yngenieur beneamd.

Wybe wie teffens útfiner en krige 1637 fan de stêd Danzig in patint op in iisseage.[1]


Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Franz M. Feldhaus, Die Säge, J. D. Domenicus, Berlin und Remscheid-Vierunghausen (1921) digitalisearre