Www.hallofryslan.nl
Hallofryslan.nl is Frysk-Nederlânske webstee makke en yn it behear fan Eline en Yvette de Koning. De webstee bestiet sûnt febrewaris 2009 en krijt stipe fan de Provinsje Fryslân mei de útfieringsregeling projektsubsydzjes Kultuer, Taal en Underwiis.
Wichtichste ûnderdiel fan webstee is in Frysk-Nederlânsk en Nederlânsk-Frysk wurdboek, oersetter en staveringshifker. Dêrneist wurde der columns skreaun, fan ûnder oare Rendert Algra en Lutz Jacobi, wurde der filmpkes oanbean en is der muzyk te finen op de hiemside. Ek is der omtinken foar it Fryske toaniel en iepenloftspullen en Fryske museums.
In projekt dat besibbe is mei Hallofryslan.nl is de webstee Wurdboek.nl. Dizze side is hielendal yn it Frysk opsetten en biedt in wurdboek, staveringshelp en rymwurdboek oan. De wurden binne gearstald troch de Fryske Akademy.
