Springe nei ynhâld

Wrâldkampioenskip Solexrace

Ut Wikipedy

It Wrâldkampioenskip Solexrace wie in racewedstryd tusken Solexbrommers. It WK waard sûnt 1972 ferriden op De Jouwer. De organisaasje wie yn hannen fan de Jouster solexclub AOW (Altijd Onderweg). AOW wie yn 1986 oprjochte troch sân Solexbesitters. Dat oantal wie binnen in jier oprûn nei 45. It ledetal skommele om 2006 hinne om de 175. De leden hiene faak út nostalgy in Solex, faak hie harren folk der earder op riden. Leden fan dy club rieden neist toertochten ek de Alvestêdetocht. Sa bleaune de Solexen yn beweging.[1]

Yn de Ludike klasse rieden orizjinele solexen mei sa moai mooglik ferklaaide riders, bygelyks as Mister Bean, Ma Flodder of in brânwarman.[2]De D-klasse wie de klasse fan orizjinele Solexen. Kûreurs hiene op it WK in pothelm op, droegen in lange learen jas en hiene klompen oan de fuotten.[3] De klompen wiene net echt orizjineel, mar se wiene wol handich om te brûken foar it byremjen. De Specials wiene echt spesjaal. It freem wie faak fan in Solex en waard ek oandreaun op it foartsjil mei in rôle, mar dêr hold de fergeliking mei in Solex wol sawat op. Sokke Solexen koene wol 60 kilometer yn in oere ride.[4]

Nei it defilee troch de Midstrjitte waarden foarrondes riden. Der waard riden yn de klassen A, de B, de C, de D, de Ludyk, de Ladies klasse en de Specials. Alle Solexen, útsein de Ludike en de D klasse krije in transponder. Dy joech oan de kompjûter yn de sjuerywein troch hoe hurd oft de Solex ried. Hoe hurder de Solex ried, hoe heger de klasse dêr’t dy brommer by yndield waard. De A-klasse wie it heechste nivo. Der waard in rûntsje om it park riden, oer de Iepensteinleane en de Keningin Julianaleane nei de Prinses Christinastrjitte en dan oer de Prins Bernhardleane.[5]In manche duorre fiif rûntsjes. Der wiene ek prizen te winnen. Sa wûn de winner yn 1984 in ballonflecht. It wie wênst dat de winner fan it WK yn de sleat belâne..

It 24e WK yn 2006 gie op 't lêst net troch omdat in meidogger by it proefrûntsje net goed waard en ferstoar.[6] Der diene yn 2006 150 Solexen mei. By de dielnimmers wiene ek in soad Siuwen. Doe’t der gjin nije bestjoersleden foar de organisaasje fûn waarden, stoppe it WK yn 2007, nei 25 kampioenskippen.[7]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: