Woltsjerken
Ut Wikipedy
St. Peter en St. Paul, Lavenham, Suffolk
Woltsjerken (Wool Churches), is de oantsjutting foar in rige grutte, moaie parochytsjerken yn doarpen en stedsjes yn Ingelân, boud yn de 15e oant iere 16e ieu, yn de Tudorstyl. Sy komme in protte foar yn de Cotswolds en yn East Anglia.
De letgoatyske tsjerken hjitte sa omdat sy set binne fan de fertsjinsten út de wolhannel, dy’t yn dy tiid yn parten fan it lân grutte wolfeart brocht.
Woltsjerken yn Ingelân:
- Gloucestershire mei de Cotswolds, yn Chipping Campden, Cirencester en Northleach,
- Norfolk, yn Attleborough, Aylsham, Cawston en Diss (yn Wymondham waard allinne in nije toer boud oan de besteande normandyske tsjerke),
- Suffolk, yn Lavenham en Long Melford,
- East Susseks, yn Horsham.