Wolfram Sievers

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Wolfram Sievers

Wolfram Sievers (Hildesheim, 10 july 1905 - Landsberg, 2 juny 1948) wie Reichsgeschäftsführer, direkteur, fan de organisaasje Ahnenerbe fan 1935 oant 1945.

Sievers waard ta de dea feroardiele op 20 augustus 1947 foar misdieden tsjin de minslikheid en waard ophongen op 2 juny 1948, yn de finzenis fan Landsberg yn Beieren.

Ahnenerbe[bewurkje seksje | edit source]

Sievers gie 1929 by de NSDAP. Yn 1933 waard er haad fan de Externsteine-Stiftung, dy't stifte waard troch Heinrich Himmler mei it doel om de Externsteine yn it Teutoburger Wâld te bestudearjen. Neidat Sievert 1935 lid fan de SS wurden wie, waard er troch Himmler ta Reichsgeschäftsführer, fan de Ahnenerbe beneamd. Hy joech feitlik lieding oan de Ahnenerbe-operaasjes en soe tsjin de ein fan de oarloch ta SS-Standartenführer opklom wêze.

Yn 1943 waard Sievers direkteur fan it Institut für Wehrwissenschaftliche Zweckforschung (Ynstitút foar Militêrwittenskiplik Undersyk), dat eksperiminten mei minsken útfierde. Hy holp fierders mei oan it garjen fan plassen en skeletten foar August Hirt syn stúdzje oan de Ryksuniversiteit Straatsburch. In part fan dy samling waard krigen troch it selektearjen en deadwaan fan 112 joadske finzenen, neidat dy earst fotografearre en (antropologysk) opmetten wienen.[1]

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

  • Michael H. Kater: Das "Ahnenerbe" der SS 1935-1945. Oldenbourg Verlag, 2001, ISBN 3-486-56529-X
  • Hans-Joachim Lang: Die Namen der Nummern. Hoffmann und Campe, 2004, ISBN 3-455-09464-3

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. http://nuremberg.law.harvard.edu/