Wisimar

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Wisimar wie kening fan de Faandaalske Asdingen (?-335).

Under Wisimar wennen de Asdingen yn de omkriten fan West-Sânburgen oant 'e mei de Theiss, it westlike part fan de doe-der-tiidske Romeinske provinsje Daasje. Mei de Romeinen stiene sy min ofte mear op fredige foet en as buorlju hiene sy de Fisigoaten.

Wisimar wie in kriichsoanfierder. Hy sneuvele yn de slach by de Theiss yn 335, doe't de Fandalen te krijen hiene mei in ynfal troch de Fisigoaten. De slach waard lykwols wûn troch de Fandalen.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Hermann Schreiber, De Vandalen, Zegetocht en ondergang van een Germaans volk, Amsterdam 1979, side 57.