Winsjester

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Winsjester
Winchester 13.JPG
Sifers
Ynwennertal 41.420 (2001)
Polityk
Lân Feriene Keninkryk
Distrikt Winsjester
Greefskip Hampshire
Oar
Koördinaten
Webside Winchester City Council

Winsjester (Ingelsk: Winchester) is in stêd yn it Ingelske greefskip Hampshire. Yn de stêd wenje om-ende-by 40.000 ynwenners.

Ut de skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Winsjester is in hiel âlde stêd dêr't al sûnt 2000 f.Kr. in minsklike delsetting wie. Yn de 2e ieu f. Kr. wie it de grutste izertiiddelsetting fan Ingelân. Yn 44 waard de stêd troch de Romeinen ferovere en krige de namme Venta Belgarum.

Yn de stêd stean in protte histoaryske bouwurken, wêrûnder de ferneamde 12e ieuske katedraal, dêr't de grêven lizze fan ferskate Ingelske keningen.

In skoftlang hat de stêd tsjinne as haadstêd fan it âlde keninkryk Wesseks. Troch kening Aelfred de Grutte waard yn de 9e ieu fan Winsjester de wichtichste stêd makke fan syn keninkryk en de stêd soe haadstêd bliuwe fan Ingelân oant-en-mei de ferovering troch Willem de Oermasterder yn 1066. Willem ferklearre sawol Winsjester as Londen ta haadstêd en liet him yn beide stêden kroane. Letter krige Londen lykwols de oerhân. Yn de Midsieuwen wie de stêd in wichtich sintrum foar de wolhannel.

De romanskriuwer Jane Austen ferstoar yn Winsjester op 18 july 1817 en is begroeven yn de katedraal.

Pylgerpaad[bewurkje seksje | edit source]

De âlde Pilgrims Way set útein yn Winsjester en rint nei Canterbury.

Winchester Cathedral

Ekonomy[bewurkje seksje | edit source]

Der is wat lichte yndustry en de stêd jildt ek as sintrum foar de agraryske omjouwing.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]