Winkel (Noard-Hollân)

Ut Wikipedy

Winkel is in stêd yn 'e gemeente Hollâns Kroan, yn de regio West-Fryslân fan de Nederlânske provinsje Noard-Hollân. De stêd hat 2650 ynwenners. In twadde kearn fan bewenning is it doarp Lutjewinkel.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De âldste bewizen fan minsklike bewenners komme út sawat 2500 f.Kr. Hjirop wize rêsten fan de Enkel Grêfkultuer, dêr't oerbliuwsels fan fûn binne yn de polder om Winkel hinne. Yn 993 wie yn de omkriten fan Winkel in fjildslach tsjin de West-Friezen, de slach by Winkel. Winkel krige yn 1415 stedsrjochten, wat sjoen wurde kin as it begjin fan it gemeentlik bestjoer. Dernei wie it oant 1970 in selsstannige gemeente. Fan dy periode is it Regthús út 1600 noch oer, it waard eartiids brûkt as Weach en riedshûs. De herfoarme Lukastsjerke is boud yn 1845. Fan 1970 oant 2012 makke Winkel diel út fan 'e gemeente Niedoarp. Op 1 jannewaris 2012 kaam de stêd ta de nije fúzjegemeente Hollâns Kroan te hearren.

Blommekorso[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Winkel is alle jierren op de fjirde snein fan septimber in blommekorso .

Berne yn Winkel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]