Springe nei ynhâld

Wim Eijk

Ut Wikipedy
Wim kardinaal Eijk
Biskop fan Grins-Ljouwert

Willem Jacobus (Wim) Eijk (Duivendrecht, 22 juny 1953) is in Nederlânsk Roomsk-katolyk geastlike. Hy wie fan 1999 oant 2008 biskop fan Grins-Ljouwert en dêrnei aartsbiskop fan Utert. Hy is sûnt 2012 ek kardinaal.

Eijk waard ta pryster wijd op 1 juny 1985 troch Joannes Baptist Matthijs Gijsen, biskop fan Roermond. Hy waard 17 july 1999 ta biskop fan Bisdom Grins-Ljouwert beneamd. 6 novimber 1999 waard er ta biskop wijd troch Adrianus Johannes Simonis, aartsbiskop fan Utert, mei Franciscus Jozef Maria Wiertz, biskop fan Roermond, en Sergio Lasam Utleg, biskop fan Ilagan, as ko-konsekrators.

Op 11 desimber 2007 waard hy ta aartsbiskop fan Utert beneamd en dêr 26 jannewaris 2008 ynstallearre. 18 febrewaris 2012 waard Eijk ta kardinaal-pryster fan San Callisto beneamd en 17 maaie 2012 ynstallearre.

Hy wie konsekrator fan:

Hy wie ko-konsekrator fan:

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]