William Twisse

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
William Twisse

William Twisse (yn de buert fan Newbury, 15781646) wie in foaroansteand Ingelsk geastlike en teolooch. Hy waard foarsitter fan de Synoade fan Westminster, as haad fan de tsjerkliken fan de Commonwealth. Hy waard troch it Skotske lid Robert Baillie beskreaun as very good, beloved of all, and highlie esteemed; but merelie bookish[1].

Libben[bewurkje seksje | edit source]

Syn âlden wienen Dútsers. Hy folge syn oplieding oan it Winchester College en it New College yn Oxford.

Hy waard yn 1612 oansteld as hûskapelaan fan Elisabeth fan Bohemen troch har heit Jakobus I fan Ingelân. Mar dizze oanstelling hat er mar yn koart skoftsje hân want om 1613 hinne komt er al wêr út Heidelboarch werom nei Ingelân. Doe waard oansteld as predikant yn Newton Longueville. Hy hat mei Henry Saville holpen oan de 1618-edysje fan de wurken fan Thomas Bradwardine. Fan 1620 ôf wie er dûmny fan Newbury. Hy stie dêr bekind as in tsjinstanner fan William Laud.

Hy waard bedobbe yn de Westminster Abbey, mar dêr wer weihelle yn 1661.

Ynsichten[bewurkje seksje | edit source]

Hy wie in fûl ferdigener fan in Kalvinistysk, supralapsariaansk ynsicht. Yn syn Vindiciae gratiae fan 1632 foel er Arminius oan, en yn de Dissertatio de scientia media fan 1639 naam er in tal fan Dominikaanske arguminten oangeande de rjochtfeardiging oan. Syn ynsichten waarden troch in minderheid yn de Synoade fan Westminster dield.

As in premillennialist skreau er in foaropwurd by de Ingelske oersetting Key of the Revelation fan 1643 fan de Clavis Apocalyptica fan Joseph Mede. Mede wie in freon en hy korrespondearre mei him.

Wurk[bewurkje seksje | edit source]

  • A Discovery of D. Jackson's Vanity (1631) tsjin Thomas Jackson
  • Vindiciae Gratiae (Amsterdam, 1632)
  • The Riches of Gods Love (1653) mei Henry Jeanes en John Goodwin
  • An Examination of Mr. Cotton's Analysis of The Ninth Chapter of Romans
  • The Five Points of Grace and of Predestination
  • Of the Morality of the Fourth Commandment
  • A Treatise of Mr. Cotton's Clearing Certaine Doubts Concerning Predestination
  • The Doctrine of the Synod of Dort and Arles, Reduced to the Practice (1650)

Referinsje[bewurkje seksje | edit source]

  • Sarah Hutton, Thomas Jackson, Oxford Platonist, and William Twisse, Aristotelian, Journal of the History of Ideas, Diel 39, Nû. 4 (Okt.-des., 1978)
  1. Description of the Westminster Assembly - Robert Baillie » Reformation Scotland