William Whittingham

Ut Wikipedy

William Whittingham1524-1579) wie in Ingelsk Bibellearaar en religieus herfoarmer. Hy studearre op it Brasenose College yn Oxford. Hy wie in warber protestant en fûn it dêrom riedsum om nei Frankryk te flechten doe't Mary I op de Ingelske troan kaam.

Yn 1554 ferfolge Whittingham syn paad rjochting Frankfurt, dêr't er him oansleat by in ploech Protestanten, dy't ek fanwegen it regear fan Mary flechte wienen. Dêr mette er John Knox en waard in Kalvinist. Hy troude ek mei in suster fan Jehannes Kalvyn. Hy waard predikant fan de Ingelske flechtlingengemeente yn Genève in plak fan John Knox. Yn Genève begûn er mei it wurk, wêrtroch er it bekindst woarn is: De Bibeloersetting, dy't bekend woarn is as de Geneefske Bibel.

Yn 1560 gie Whittingham werom nei Ingelân en waard dêr yn 1563 geastlike fan Durham, in amt dat er oan syn dea hâlden hat.