Willem de Sitter

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Willem de Sitter (Snits, 6 maaie 1872Leien, 20 novimber 1934) wie in Frysk wiskundige, astronoom, kosmolooch en natuerkundige.

Willem de Sitter

De Sitter is berne yn Snits yn ien fan'e huzen neist de Snitser Wetterpoarte, as in soan fan rjochter Lamoraal Ulbo de Sitter en Katharina Bestling. By syn stúdzje wis- en natuerkunde yn Grins rekke hy hieltiten mear ynteresseard yn de kosmology. Fanút syn wiskundige eftergrûn makke hy mei statistyske techniken ferskillende modellen om it ûntstean fan de kosmos te beskriuwen.

Doe't hy op de hichte brocht waard fan de relativiteitsteory, seach hy fuort it belang hjir fan. Hy joech dan ek in soad bekendheid oan de téoryen fan Einstein. Yn de Earste Wrâldoarloch stjoerde de doe noch Dútske Einstein syn teoryen fia it neutrale Nederlân nei De Sitter. De Sitter stjoerde it wer troch nei de ingelske Sir Arthur Eddington. Dizze wist koart nei de oarloch Einsteins teory oer it dieltsjeskarakter fan ljocht te befêstigjen mei in detaillearde analyze fan in sinnefertsjustering.

De Sitter begûn sels in briefwikseling mei Einstein. Dat late úteinlik ta it no ferâldere Einsteins- De Sittermodel. Yn dit model is de kromming fan de romte hast gelyk oan nul en kin hjirtroch op in frijwol euklidyske wize beskreaun wurde. Yn in euklidysk universum is de koartste ôfstân tusken twa punten in rjochte streek.

Yn 1918 frege hy Anton Pannekoek foar de stjerrewacht yn Leiden. Mar dat koe net trochgean. De Minister Ruijs de Beerenbrouck kearde it op. Fanwege de linkse ideeën fan Pannekoek.

De Sitter is ferstoarn yn 1934 yn Leien. Op de moanne is in ynslachkrater nei him neamd.

  • 1891 stúdzje wis- en natuerkunde Ryksuniversiteit Grins.
  • 1897-1899 nei Kaapstêd foar kosmologyske analyzes.
  • 1901 Promoasje by Jacobus Cornelius Kapteyn. De titel fan syn dissertaasje wie: 'Discussion of heliometer observations of Jupiter's satellites'.
  • 1908 heechlearaar Astronomy Ryksuniversiteit Leien.
  • 1918 direkteur fan de Stjerrewacht Leien.
  • 1925-1928 presidint fan de Ynternasjonale Astronomyske Uny.
  • 1932 publikaasje fan it Einstein- De Sitter model