Willem Teellinck

Ut Wikipedy
Willem Teellinck

Willem Teellinck (Sieriksee, 4 jannewaris 1579 - Middelburch, 8 april 1629) wie in predikant yn Middelburch. Hy wie oanhinger fan de Fierdere Reformaasje.

Willem Teelinck waard, begjin jannewaris 1579 yn Sieriksee berne as soan fan Joost Teellinck, dy't ûnder oaren boargemaster wie. Ut deselde húshâlding kaam ek in broer fan Willem, Eeuwout Teellinck dy't ûntfanger-generaal fan Seelân wurden is.

Ynearsten woe Willem foar syn stúdzje teology studearje, mar it waard krekt as by syn bruorren in rjochtenstúdzje. Dizze folge er yn Leien, Saint Andrews yn Skotlân en Poitiers yn Frankryk. Yn 1603 waard er dokter yn de rjochten. Dêrnei makke er in reis nei in freon Banbury yn Ingelân. De Puriteinske famyljes dy't er dêr mei yn de kunde kaam, en harren sterke leauwen, waarden ta syn ideaalbyld.

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Meertens, P.J., Letterkundig leven in Zeeland in de zestiende en de eerste helft der zeventiende eeuw haadstik IV: Godsdienstig leven na de Reformatie sd. 173 o/m 178 Willem Teelinck [1]
  • Hof, W.J. op 't, Willem Teellinck (1579-1629). Leven, geschriften en invloed, Kampen: De Groot Goudriaan, 2008.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. IV. Godsdienstig leven na de Reformatie, Digitale bibleteek foar de Nederlânske letteren