Willem Kloos

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Willem Kloos

Willem Johannes Theodorus Kloos (Amsterdam, 6 maaie 1859Den Haach, 31 maart 1938) wie in Nederlânsk dichter en in wichtich fertsjintwurdiger fan de Tachtigers.

Biografy[bewurkje seksje | edit source]

Kloos waard berne as soan fan de skroar Johannes Kloos en syn wiif Anna Cornelia Ameise; syn mem stoar yn 1860. Fan 1879 ôf studearre Willem Kloos klassike letteren oan de Gemeentelike Universiteit fan Amsterdam en helle syn kandidaatstitel yn 1884. Yn syn studintetiid krige er kunde oan Jacques Perk, waans gedichten er nei Perks dea oanpaste en útjoech. De ynlieding ta dy bondel dy't Kloos skreau jilde letter as manifest fan de Beweging fan Tachtich.

Yn 1880 debutearre er yn it tydskrift Nederland mei it gedicht Rhodopis. Kloos syn gedichten út de 80er jierren fan de 19e ieu binne beynfloede troch de Ingelske dichter Shelley.

Yn 1885 rjochtte er mei Frederik van Eeden, Albert Verwey, Frank van der Goes en Willem Paap it tydskrift De Nieuwe Gids op. Dêryn publissearre er in rige literêre kritiken dy't mei inoar in byld jouwe fan syn poëtika. Hy lei de klam op it op persoanlike wize stâl jaan fan de gefoelens fan de dichter. In faak sitearre "slogan" fan Kloos is dat keunst de aller-individueelste expressie van de aller-individueelste emotie wêze moast. Foarm en ynhâld binne net te skieden; it giet om l'art pour l'art (keunst om de keunst). Foar it beskriuwen fan wat der yn de dichterssiel omgiet binne twa middels: klankekspresje en byldspraak. Kloos fûn dat elts unyk gefoel in eigen byldspraak meibrocht. Mei dizze fyzje sette er him ôf tsjin de generaasje fan dûmny-dichters as J.J.L. Ten Kate, Nicolaas Beets en Bernard ter Haar, dy't yn syn eagen fral húslike poëzij makken, fol klysjees en mei in benypte moraal. Kloos publissearre in protte fan syn sonnetten yn De Nieuwe Gids. Se wurde meast beskôge as syn bêste literêre wurk en as karakteristyk foar de opfettings fan de Tachtigers. De gedichten beskriuwe it fielen fan de dichter en syn wikseljend sin. De ferneamdste dichtrigel fan Kloos is faaks wol:

"Ik ben een God in 't diepst van mijn gedachten"

Ein 1885 skreau Kloos tegearre mei syn goede freon Albert Verwey de roman Julia. Een verhaal van Sicilië. I wurk wie skreaun yn de troch harren ferhúne, âldfinzige romantyske styl fan in Beets en Fiore della Neve en waard publissearre ûnder de skûlnamme "Guido". It boek wie in grap en tsjinne om de literêre resensinten de gek oan te jeien. Harren opset slagge, hoewol it foar harren wichtige tydskrift De Gids net reagearre. Yn harren brosjure De onbevoegdheid der Hollandsche literaire kritiek waard oan it ljocht brocht dat it grapjeien wie.

Ek yn 1885 skreau Kloos ûnder de namme Sebastiaan Slaap in foarrede by de bondel Grassprietjes of Liederen op het gebied van Deugd, Godsvrucht en Vaderland troch Cornelis Paradijs, dêr't in plechje Tachtigers efter skûle (û.o. Frederik van Eeden). Dizze bondel wie in pastiche fan de dûmnyspoëzij.

Yn de jierren 90 begûnen ferskillende dichters harren te fersetten tsjin it yndividualisme en it "keunst om de keunst"-prinsipe fan Kloos en woene in mear op de maatskippij rjochte, sosjale dichtkeunst. Ek yn de oarspronklike beweging fan Tachtich kaam it ta skeel. Van Eeden en Van der Goes tochten dat it sosjalisme ferbettering bringe koe, wylst Kloos en Van Deyssel mienden dat it sosjalisme ta nivellearing fan de keunst liede soe. Kloos hâlde de poat stiif en lûkte him werom om poëzij te meitsjen neffens syn oertsjûging. Privee gie it doe ek minder mei him, hy begûn te drinken, hie lêst fa psygoazes en skreau skeldsonnetten.

Yn 1896 ferskynde Veertien jaar literatuurgeschiedenis, in bondel mei Kloos syn literêre kritiken. Yn 1900 troude er mei Jeanne Reyneke van Stuwe, een produktyf skriuwster fan societyromans. Kloos' ynfloed wie doe al in stik minder wurden, mar hy bleau gedichten publissearjen yn De Nieuwe Gids en soe oant syn dea lid fan de redaksje fan dit blêd bliuwe.

Op 3 maart 1935 krige Kloos, mei Lodewijk van Deyssel, in earedoktoraat oan de Universiteit fan Amsterdam.

Prizen[bewurkje seksje | edit source]

Wichtich wurk[bewurkje seksje | edit source]

  • Het boek van kind en God (z.j.)
  • Julia. Een verhaal van Sicilië (1885)
  • De onbevoegdheid der Hollandsche literaire kritiek (1886)
  • Verzen (1894)
  • Nieuwe verzen (1895)
  • Veertien jaar literatuur-geschiedenis, 1880-1893 (1896)
  • Verzen II (1902)

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Ton Anbeek, Geschiedenis van de literatuur in Nederland, 1885-1985
  • G.J. van Bork en P.J. Verkruijsse, De Nederlandse en Vlaamse auteurs (1985) [1]
  • Dick van Halsema, '15 mei 1880: Kloos ontmoet Perk in de Kalverstraat — De betekenis van Kloos' 'Inleiding' bij Perks gedichten. Yn: Nederlandse Literatuur, een geschiedenis
  • G.P.M. Knuvelder, 'Willem Kloos (1859-1938)'. In: Handboek tot de geschiedenis der Nederlandse letterkunde, deel 4 (1953) [2]
  • Harry G.M. Prick, 'Willem Kloos 1859-1938'. Yn: 't Is vol van schatten hier... (1986) [3]
  • Radio Weblog: "Met het oog op morgen" van 6 septimber 2009