Willem II fan Hollân

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Willem II fan Hollân
Willem II fan Hollân
Roomske Kening
libben
berne ? febrewaris 1228 - Heechwâld
ferstoarn 28 jannewaris - 1256)
heit Floaris IV fan Hollân
mem Aleid fan Gelre
houlik
datum ?
partner Elisabet fan Brunswyk
bern 1 - Floaris V
Greve fan Hollân en Seelân
perioade 1234 - 1256
foargonger Floaris IV
opfolger Floaris V
Kening fan it Hillige Roomske Ryk
perioade 1254 - 1256
foargonger Koenraad IV fan it Hillige Roomske Ryk
opfolger Richard fan Cornwall
Armoiries Hollande.png
Hûs Hollân

Willem II (febrewaris 1228 (?) - Heechwâld, 28 jannewaris 1256) wie greve fan Hollân en Seelân (1234-1256) en kening fan it Hillige Roomske Ryk (1248-1256). As greve fan Hollân hie hy in sterk bûnsgenoatskip mei it Hartochdom Brabân tsjin Flaanderen.

Willem II waard berne as soan fan Floaris IV en Aleid fan Gelre. Op sânjierrige leeftyd folge hy syn heit op. Syn heit kaam yn 1234 om by in toernoai. In broer fan syn heit dy’t ek fan Willem hjitte en letter Otto, de biskop fan Utert (ek in broer) waarden regint.

Hy joech de stêden Delft (1246), Haarlim (1245), 's-Gravenzande (1246) en Alkmar (1254) stedsrjochten. Allinnich 's-Gravenzande is letter net útgroeid ta in grutte stêd. Yn 1274 ferpâne hy Nymwegen oan de greve fan Gelre. Dit is in Gelderske stêd bleaun omdat it pân nea ynlost is.

Hy naam it beslút om syn boerepleats yn Haga om te bouwen ta in kastiel wêrút hy effisjint syn gebieden bestjoere koe. Hjirmei begûn de funksje fan Den Haach as bestjoerssintrum.

Om dat hy de paus yn syn konflikt mei Freark II militêr stipe, kroande de aartsbiskop fan Keulen him as dank yn 1248 te Aken ta Roomske kening, wêrmei’t hy in kandidaat waard foar keizer fan it Hillige Roomske Ryk. Pas yn 1252 is hy foaral tanksij syn houlik mei de Welfyske Elisabet fan Brunswyk, dochter fan hartoch Otto I fan Brunswyk, troch de foarsten fan syn ryk as hearsker akseptearre.

De siktaris en kapelaan fan Willem I mei de namme Willem fan Ryckel († 1272), begeunstiger fan de Mariatsjerke yn Aken en Abt fan de St-Trudoabdij yn Sint-Truiden, stifte it beginehôf St-Agnes. Yn 1986 waard op de pastorijsouder fan de dekens ferskillende reliken fan de 11000 hillige fammen werom fûn, wuolle yn midsieuske stoffen. Hy wie famylje fan de hillige Elisabet fan Spalbeek dy’t de stigmata droech.

Willem II hat ferskillende oarloggen fierd tsjin de West-Friezen. By ien fan de tochten tsjin de West Friezen sakke hy by Heechwald troch it iis fan de Berkmar. De West-Friezen fûnen him yn in machteleaze posysje en makken him dea. Willem waard begroeven ûnder in hurdplaat fan in buorkerij yn Heechwâld. Pas yn 1282 wist syn soan Floaris V, it stoflik omskot werom te finen. Dit gie net sûnder slach of stjit. Heechwâld is plondere en hast alle minsken dy’t der wennen binne fermoarde.

Willem II is te hôf brocht yn de abdij fan Middelburch.