Willem Hendrik fan Sytzama

Ut Wikipedy
Skaadprint fan Willem Hendrik van Sytzama

Mr. Willem Hendrik baron fan Sytzama (Driezum, 14 febrewaris 1763 - Kollum, 5 april 1848) wie in Nederlânsk jurist, politikus en bestjoerder.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wapen van Sytzama

Willem Hendrik fan Sytzama waard berne yn Driezum as soan fan Maurits Pico Diederik fan Sytzama, kommys-generaal fan Finansjen en lid fan de Steaten fan Fryslân, en Catherina Maria van Heemstra. Hy wie in broer fan de kavaleryoffisier Johannes Galenus fan Sytzama. Fan 1785 oant 1787 studearre er Romeinsk- en hjoeddeisk rjocht yn Grins. Dêrnei waard hy polityk en bestjoerlik aktyf yn en foar Fryslân. Hy waard lid fan de Fryske Admiraliteit en riedshear by it Hof fan Fryslân. By de Frânske machtsoername yn 1795 waard hy as riedshear ôfset. Yn 1811 waard hy wol lid fan de algiemene rie fan it Frânske Departemint Fryslân. Nei de Frânske nederlaach waard hy polityk aktyf yn it nije Feriene Keninkryk fan de Nederlannen, as folksfertsjintwurdiger foar Fryslân yn De Haach en ek as grytman fan de gemeente Westdongeradiel

Wurkpaad[bewurkje seksje | boarne bewurkje]