Willem Adriaan van der Stel

Ut Wikipedy

Willem Adriaan van der Stel (Haarlim, 24 augustus 1664Lisse, 11 novimber 1733)[1] wie in Nederlânsk amtner fan de Feriene Eastyndyske Kompanjy. Fan 23 jannewaris 1699 oant 1707 wie hy gûverneur fan de Kaapkoloanje by Kaap de Goeie Hope.

Libbensrin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Willem Adriaan (op it hynder) mei syn heit Simon

Iere libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Van der Stel wie de âldste fan de seis bern fan Simon van der Stel en Johanna Jacoba Six (1645-1700), út in laach fan foaroansteande leden fan de Nederlânske hannel. Syn pake wie Adriaan van der Stel, de eardere gûverneur fan Mauritsius. De mem fan Willem wie famylje fan Jan Six, dy’t yn de sidehannel siet en in freon fan Rembrandt wie. Willem Adriaan wie fyftjin doe’t hy nei Kaap de Goeie Hope gie yn 1679. Om 1684 hinne gie hy werom nei Hollân dêr’t hy mei Maria de Haze troude. Mei har soe hy fiif bern krije. De heit fan Maria wie François de Haze, dy’t wurke hat foar de Feriene Eastyndyske Kompanjy as haadman op Desjima, yn Perzje en de Bengalen. Ek wie hy belutsen by de sidehannel.

Willem Adriaan van der Stel hearske oer Nieuw en Oud-Vossemeer op it eilân Tholen yn Seelân, nei alle gedachten troch syn frou. Yn 1691 waard hy bestjoerder yn Amsterdam. Hy kaam net werom nei de Kaapkoloanje oant jannewaris 1699, doe’t hy beneamd waard ta opfolger fan syn heit as gûverneur fan de koloanje.

As gûverneur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Van der Stel wie ynteressearre yn túnbou en lânbou. Hy wie auteur fan ien fan Súd-Afrika’s betiidste túnkersalmenakken. Van der Stel wreide de FEK-tunen út en stjoerde ekspedysjes nei it noarden om it lân te ferkennen. Hy liet it Lân fan Waveren bouwe, no bekend as Tulbach, en ek lei hy de hoekstien foar de Grutte Tsjerke yn Kaapstêd.

Van der Stels neitins is benammen rjochte op syn ynklauwerigens en syn oerdreaune manear fan libjen. Yn syn tiid as gûverneur waard Van der Stel sjoen as korrupt en diktatoriaal.

Wjerstân en ûntslach[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Van der Stel wie de eigener fan de pleats Vergelegen, yn it hjoeddeiske Somerset West. It lân wie him skonken yn 1700. [2] Hy stoppe in soad middels fan de FEK yn it projekt. Dit joech him in ûnearlik foardiel en late ta rúzjes mei de frije boargers yn de omkriten.

Syn iensidige aksjes oer wa't meidwaan koe yn it monopoalje fan de wynhannel soarge foar in opstân ûnder de boeren. Yn 1706 stelden Adam Tas, Willem van Zijl en Henning Husing in petysje op dy’t de warberens fan Van der Stel ôfkarde. De petysje waard troch 63 fan de 550 boargers tekene en it waard nei it FEK-haadkantoar yn Amsterdam stjoerd.

De petysje waard earst net akseptearre. Van der Stel hie Tas arrestearre en hy waard nei Kaapstêd brocht. Van der Stel hie kopyen makke fan parten fan it deiboek fan Tas, dat tsjinje moast as bewiis tsjin him. Tas waard feroardiele en opsletten yn it Swarte Gat, yn in tsjerker fan Kastiel de Goeie Hope.

Omdat 31 fan de tekeners fan de petysje Hugenoat wiene, en de Nederlanners yn oarloch wiene mei Frankryk, soarge de petysje dochs foar ûnrêst yn Amsterdam. De eangst foar it oerrinnen fan guon boargers yn de Kaapkoloanje nei de kant fan de Frânsen die de FEK besluten om Van der Stel werom te roppen, se easken yn 1707 dat hy werom kaam nei Nederlân. Hy ferliet de koloanje yn 1708 wêrnei't hy nei Nederlân gie, dêr’t hy de rest fan syn libben as in banneling trochbrocht. Der waard besletten dat FEK-meiwurkers gjin lân mear hawwe mochten yn de koloanje.

Louis van Assenburgh waard de opfolger fan Van der Stel.[3]

Trije jier nei it fuortgean fan Van der Stel waard Vergelegen ferkocht en opdield yn fjouwer buorkerijen, der waard besletten dat de pleats ferneatige wurde moast, dat barde mar foar in part.[4]

Oare gedachten oer Van der Stel syn neitins[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der is wat ûnienigens oer Van der Stel syn neitins. De measte boarnen binne it iens as it giet oer syn bestjoer fan de Kaap.

Guon ferwize nei syn wurk en plannen op it mêd fan túnbou en lânbou as bewiis dat Van der Stel in grut fisionêr wie. Wer oaren hawwe it oer syn rol yn de ûntwikkeling fan de unike Kaapsk-Hollânske arsjitektuer en sjogge him as in martler.[5]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. http://www.xs4all.nl/~addyw/genealogie/n000004n.htm
  2. Artikel op de hiemside fan Vergelegen (sjoen op 8 novimber 2009)
  3. Kaap de Goeie Hope De VOC Site (sjoen op 8 novimber 2009)
  4. Artikel op de hiemside fan Vergelegen (sjoen op 8 novimber 2009)
  5. Carrying the Torch: Dorothea Fairbridge and the Cape Loyalist Imagination, troch Peter Merringont (sjoen op 8 novimber 2009)