Will van Kralingen
Will van Kralingen | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Willemina van Kralingen | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 1 oktober 1951 | |
berteplak | Nymwegen | |
stoarn | 9 novimber 2012 | |
stjerplak | Amsterdam | |
jierren aktyf | 1982-1983, 1985-1987, 1990-2012 | |
prizen | Theo d'Or, Gouden Keal |
Willemina (Will) van Kralingen (Nymwegen, 1 oktober 1951 - 9 novimber 2012) wie in Nederlânsk aktrise.
Van Kralingen is in suster fan operasjongeres Miranda van Kralingen. Harren âlden binne Willem Frederik van Kralingen (1923-2004), learaar Frânsk, en Johanna Gozina Breimer (1924). Se hat noch twa oare susters, Mieke en Hansje.
Hja wie troud mei akteur en regisseur Eric Schneider en hie in relaasje mei de Kanadeeske akteur David Pallfy. Ut har houlik hat hja twa soannen, Olivier en Beau-Benjamin.
Yn 2012 waard foar de tredde kear boarstkanker by har fêststeld; 9 novimber is hja dêroan stoarn.
TV-rollen (karút)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Een lieve jongen
- Armoede
- De Zomer van '45
- Het Wassende water
- De Minnaar.
Yn it kostúmdrama Belle van Zuylen spile se de haadrol.
Film- en toanielrollen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Een Scherzo Furioso
- Temmink: The Ultimate Fight
- Havinck.
Yn 2007 spile Van Kralingen yn in toanielbewurking - ûnder regy fan Ursul de Geer - fan it boek fan auteur Sándor Márai: Kentering van een huwelijk, de rol fan Ilonka. Sûnt 2007 spile hja ek mei yn de Nederlânske plysjerige Flikken Maastricht. Yn dy rige hat se mar ien seizoen spile, mar se komt yn it fiifde seizoen werom as haadynspekteur Ellis Flamand.
Har lêste film yn 2012 wie De Goede Dood, oer in sike man dy't net better wurde kin en dy't eutanasy dwaan lit. Sy spile syn frou.
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 2007 Theo d'Or as keninginne Elisabeth yn it toanielstik Maria Stuart
- Gouden Keal foar har rol yn Storm in mijn hoofd
- 1995 Gouden Keal as suïsidale Lydia yn Havinck
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- TIN Teäterensyklopedy mei har toanielrollen 1977-2009
- ynfo op webstee Beeld en Geluid
- Ynterview troch Liddie Austin, Opzij fan 1 april 1998
- NOS-deaberjocht op 9 novimber mei radio-ynterviews en fideobylden oer har teäterlibben
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |