Wilhelmine Siefkes

Ut Wikipedy
Wilhelmine Siefkes
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Wilhelmine Siefkes
nasjonaliteit Dútsk
berne 4 jannewaris 1890
berteplak Lier
stoarn 28 augustus 1984
stjerplak Lier
etnisiteit Eastfrysk
wurk
taal Eastfrysk Plat,
Heechdútsk
bekendste
  wurk(en)
Keerlke

Wilhelmine Siefkes (Lier, 4 jannewaris 1890 - dêre, 28 augustus 1984) is in Eastfrysk skriuwster. Siefkes wie teffens oersetter fan Frysk en Nederlânsk literêr wurk.

Se publisearre gedichten, ferhalen en toanielstikken yn Plat- en Heechdútsk oer Eastfryske miljeus. Har Keerlke is troch Ypk fan der Veer yn it Frysk oersetten as It wurdt skielk wer simmer.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bertehûs fan Wilhelmine Siefkes, Rathaustrasse 9, Lier

Siefkes gie yn Leer nei it gymnasium en wist doe al dat se it ûnderwiis yn woe. Har earste skoalle wie dy fan Jemgum yn 1910. As jong ûnderwizeresse rekke hja bekend mei it Nedersaksysk en begûn hja mei de skriuwerij. Sûnt 1917 wie Siefkes ferbûn oan in skoalle yn Leer en waard sy sosjaaldemokraat, mei om't de earmoed fan guon skoalbern har in ôfgriis wie.

Yn 1933 krige sy dien fan de Nasjonaalsosjalisten en krige boppedat in skriuwferbod dat oant 1945 duorre hat. Dochs gie hja troch mei it skriuwen fan mearkes, mar no ûnder de skûlnamme Wilmke Anners. Under oaren út protest tsjin evangelyske dûmny's dy't it Nazirezjym stipen gie hja yn 1933 út de Evangelysk Lutherske Tsjerke en waard Mennist (oant har dea). Yn 1940 krige hja de Fehrs-Preis foar har ûnder skûlnamme ynstjoerde Keerlke-manuskript.

Nei de oarloch nimt sy har wurk as ûnderwizer net wer op, mar de skriuwerij komt ta bloei nei 1949. Yn 1952 ferskynt in roman yn it Heechdútsk Kasjen und Amke, dêr'hja it libben fan in feanboerinne yn tekenet. Fan 1949 oant 1970 skriuwt hja romans, gedichten, ferhalen en harkspullen. Siefkes hie fral belangstelling foar it yndividu. In hieltyd weromkommend tema yn har wurk binne de eksistinsjele swierrichheden dy't bern en jongerein ûnderfine kinne.

Wurk (kar út)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stânbyld fan Siefkes Romanfiguer "Keerlke" yn Leer.

Romans[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Uda von der Mölen (1920)
  • Keerlke (1941)
  • Kasjen und Amke (1952)
  • Van de Padd of (1961)
  • Uwe aus Leer (1959)

Ferhalen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Hör eenzig eegen (1922)
  • Rena im Königsmoor (1955)
  • Uke setzt sich durch (1957)

Mearkes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Dor was ins mol (1923; 1965)

Lyryk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Tüschen Saat un Seise (1961)

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedia de:, Wilhelmine Siefkes