Wilhelminaoard

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
LocatieWesterveld.png
Map NL - Westerveld - Wilhelminaoord.png

Wilhelminaoard is in koloanjedoarpke yn it súdwesten fan Drinte, yn de gemeente Westerfjild, flak oer de Fryske grins by it rotandoarp Noardwâlde. It doarp hat ûngefear 800 ynwenners, dêr't in grut diel ôfstammet fan de eardere kolonisten.

[bewurkje seksje] Skiednis

Wilhelminaoard is stifte troch de Maatskippij fan Woldiedichheid dy't yn 1818 begûn mei de ûntginning fan terreinen yn Súdwest-Drinte en it oangrinzjende Fryslân en Oerisel. De maatskippij bea in ienfâldige wenning, in lyts lapke grûn foar de kânsearme befolking út gruttere stêden. Wilhelminaoord waard in doarp foar de kolonisten, krektas Frederiksoard en Willemsoard.

[bewurkje seksje] It besjen wurdich

NH Koloanjetsjerkje

Wilhelminaoard bestiet foar in diel noch út de oarspronklike kolonistewenten. Oan de râne fan it doarp stiet in Nederlânsk Herfoarme Koloanjetsjerkje. Fierders steane der de koloanjehuzen en in prehistoarysk sintrum dat ûnderdielen makket fan de Haachske Skoalle- en bernetunen.

[bewurkje seksje] Sport

De pleatslike fuotbalferiening Old Forward, oprjochte op 25 maaie 1898, is op Achilles 1894 nei de âldste noch besteande fuotbalferiening yn de provinsje Drinte.


Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen