Wikipedy:Publike boarnen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Publike, foar eltsenien beskikbere, rjochtenfrije ynformaasjeboarnen[bewurkje seksje | edit source]

Op it ynternet binne in soad boarnen beskikber dy't publyk eigendom binne en dêrmei frij en sûnder restriksjes brûkber binne foar Wikipedia. Ek besteane der boarnen dêr't wol eigendomsrjocht foar jildt, mar dy't dochs frij brûkt wurde kinne. Hjirûnder steane listen mei Frysktalige en Nederlânsktalige boarnen. It is de bedoeling dat dy geandewei oanfolle wurdt, fral ek mei Frysktalige boarnen. Foar de Ingelsktalige boarnen wurdt ferwiisd nei de Ingelsktalige Wikipedia.

As jo materiaal fan in publike boarne brûke dêr't jo twivels by hawwe, dan kinnen je de neikommende tekst ûnderoan de side pleatse:
{{Ymport}}

Dat liket dan sa:


De tekst op dizze side is oernaam út in publike boarne, as in earste fersje fan in nije side, en is sûnder folle bewurkings en kontrôle ynbrocht. Rekkenje der mei dat der noch brekken en flaters yn de tekst stean kinne.
(Dizze warskôging graach wiskje as de side neisjoen is.)

Folslein publike boarnen[bewurkje seksje | edit source]

Dit materiaal is folslein frij fan auteursrjocht-restriksjes en kin dêrom brûkt wurde en nei eigen goedtinken oanpast wurde foar de Wikipediasiden. Guods, bygelyks de teksten fan Projekt Laurens Jz Coster, binne publyk eigendom omdat it wurk stokâld is en it eigendomsrjocht dêrfan ferjierre is. Dat betsjut fansels al dat ek dat taal en styl âlderwetsk binne en oanpast wurde moatte.

Frysktalige publike boarnen[bewurkje seksje | edit source]

  • http://www.itnijs.nl - De Wikipedy hat tastimming tekst fan It Nijs ûnder CC-BY-SA te fersprieden. It moaiste is at It Nijs dêrby neamd wurde kin.
  • List fan wetternammen yn it Frysk of yn in streektaal yn Fryslân (It webargyf hat dizze ferzje.)
  • List fan Bûtenlânske ierdrykskundige nammen fan de Fryske Akademy (It webargyf hat dizze ferzje.)

Nederlânsktalige publike boarnen[bewurkje seksje | edit source]

  • Projekt Laurens Jz Coster In samling fan Nederlânsktalige dêr't de rjochten fan ferrûn binne.
  • Nederlânske Overheid. Ynformaasje dy't jo fia www.overheid.nl fine is frij fan rjochten, of it moat wêze dat it eksplisyt oars oanjûn is.

Oare "frije" Nederlânsktalige boarnen[bewurkje seksje | edit source]

Der binne boarnen dêr't wol eigendomsrjocht foar jildt, mar dy in lisinsje hawwe dy't distribúsje ûnder in lyts betingst tastiet. Wikipedia sels is dêr in foarbyld fan. Lykwols stiet de lisinsje fan de Wikipedia, de GFDL allinnich ta dat wurk opnaam wurdt dat frij fan rjochten is, as dêr't ek de GFDL foar jildt. Ornaris binne dy hast-frije boarnen dêrom net brûkber.

Ingelsktalige publike boarnen[bewurkje seksje | edit source]

De list op de Ingelske Wikipedia, rangskikt per fakgebiet: Public domain resources

Oare "frije" Ingelsktalige boarnen[bewurkje seksje | edit source]

De list op de Ingelse Wikipedia Free_or_semi-free_non-Public-Domain_information_resources

Frije boarnen fan foto's[bewurkje seksje | edit source]

Understeande websiden befetsje in protte ôfbyldingen dy't frij fan rjochten binne of ûnder in lisinsje dy't te ferienigjen is mei Wikipedia. Dit jildt lykwols net foar alle ôfbyldingen op dizze websiden, lês dêrom altyd goed de betingsten foar gebrûk.

US Fish and Wildlife Service
NASA.gov
NASA Planetary Photojournal
NOAA.gov
Public Health Image Library