Wikipedy:Oerlisside/Argyf9

Ut Wikipedy

Dit is in argyfside.
Pas de tekst op dizze side net mear oan.


Wikipedy:Oerlisside/Argyf9, argyf fan Wikipedy:Oerlisside:

  • Oerlis begûn fan 6 oktober 2007 oant en mei 22 desimber 2007 .


West-Fryske plaknammen

Goeie, ik bin in oantal West-Fryske en Noard-Hollânske plaknammen tsjin kommen op us Wikipedy, guon derfan hawwe in ferfryske nammen, guon hawwe de Westfryske namme en guon hawwe de Hollanske namme. Dat liket my net konsekwent. It liket my wol wat om de West-Fryske nammen te gean bruken op us Wikipedy. Hoe tinken oaren hjiroer--Geoffrey 6 okt 2007, 20.19 (CEST)?[beäntwurdzje]

Dei Geoffrey, ik soe my oanslute by de wize wurden fan Aliter:Fiel jo frij hjiryn. Echt konsekwint bliuwe is in poepetoer. De list mei Bûtenlânske ierdrykskundige nammen fan de Fryske Akademy bringt ús hjir ek net fierder. It sa ticht mooglik bliuwen by de Westfryske stavering soe in goede basis wêze kinne, of it moat wêze dat nammen mei in C begjinne of einigje, dan kin in S of K brûkt wurde. Swarte Kees 7 okt 2007, 17.28 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik makket my sels eins ek net sa folle út, mar bin wol foarstanner om 't de dingen safolle mooglik konsekwent te dwaan. En at wy bepaalde rjochtlinen ôfpraten dan jouwt dit wat haldfêst. --Geoffrey 7 okt 2007, 17.52 (CEST)[beäntwurdzje]

Lyts probleemke

Op sa'n Wikipedia is it fansels in soad jaan en in bytsje nimmen. Ik wurd der dan ek net hjit of kâld fan dat immen 'fanwegen' ferbetteret ta 'fanwege' wylst beide neffens it wurdboek goed binne. Mar op dit stuit wurde feitlikheden fan myn teksten 'ferbettere'. Net dus. Ik haw graach dat er net yn myn feitlikheden omgriemd wurdt fanwegen it ferbouwen op himsels.Yn 'e Wâlden 15 okt 2007, 09.36 (CEST)[beäntwurdzje]

Bêste minsken,

graach ferwiis ik hjir tydlik efkes nei de Aldeleie-oerlisside. Ik hoopje dat eltsenien der goed nei sjen wol, dan kinne wy dêrnei wer fleurich fierder.Yn 'e Wâlden 16 okt 2007, 11.03 (CEST)[beäntwurdzje]

"Fleurich" sil der de kommende tiid grif net fan komme, mar ik woe ek graach dat der wat oaren ris nei Oerlis:Aldeleie seachen. Aliter 17 okt 2007, 02.28 (CEST)[beäntwurdzje]

Eigenskiplike foarnamwurden

Al in pear kear rin ik tsjin twifel oan by it brûken fan eigenskipswurden fan ierdrykskundige nammen: Dútsk/Dútske, Frysk/Fryske, Noarsk/Noarske ensfh. Op himsels kin faak beide wol brûkt wurde, ôfhinklik fan it wurd derefter. Frysk(e) skriuwer, Frânsk(e) byldhouwer, Amerikaansk(e) Sjonger en sa. It liket der op dat it op de Wikipedy geregeld troch inoar brûkt wurdt. By it oanmeitsjen fan in side levert dit wolris swierrichheden op. Moat bygelyks Fryske Skriuwer de namme fan de side wurde en in redirect fan Frysk skriuwer (of krekt oarsom)? Dan kinne wy in soad redirects krije. Fraach is eins: Kinne wy hjir wat unifoarmens yn bringe of litte wy it der mar op oan komme? Of binne der regels foar dy't alles regelje?Swarte Kees 20 okt 2007, 10.38 (CEST)[beäntwurdzje]

Ik soe it wurd derefter beskiedend meitsje. It liket my ta dat jo sa ek sykje. As de wurden oaninoar plakt wurde ûntstiet der fansels in nije situaasje. Yn 'e Wâlden 20 okt 2007, 11.05 (CEST)[beäntwurdzje]
Moarn, Yn'e Wâlden, As ik jo goed begryp bedoele jo it sa:(samar in foarbyld)

Fryske Skriuwer en yn in beamdiagram

Dat sil wierskynlik net jo bedoeling wêze want sa ferskoot de tûkelteam allinnich mar:it kin dan noch Frysk/Fryske wêze. Wolle jo it noch wat neier útlizze? Op in side stiet bg:

Swarte Kees 20 okt 2007, 11.27 (CEST)[beäntwurdzje]

Moatte wy yn koarte oantsjuttings it eigenskipswurd bûgje, as net?
At wy de taalkunde litte foar wat it is, soe ik sizze: skriuw it altiten as stie de "in" foar. Dat by de-wurden komt der dan al in "-e". Aliter 21 okt 2007, 03.52 (CEST)[beäntwurdzje]
Hjir sjogge wy dat in kompjûter ek mar in dea ding is. Ik tink dat ik Nederlânsk fotograaf wol brûke soe, mar yn de trochklik tusken de twa kante heakken it sa trochklikke soe: Nederlânske|Nederlânsk dan komt it wurd Nederlânsk yn jo tekst en klikke jo nei Nederlânske troch. Kinne jo hjir wat mei? Oars moatte wy fierder sykje.Yn 'e Wâlden 23 okt 2007, 12.30 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik snap efkes net wat it doel is fan dizze diskusje, giet it oer it brûken fan dizze wurden yn in tekst, as oer nammen foar kategoryen? Wy hawwe dochs gjin aparte siden oer in Dútske Skriuwer, Fryske Skriuwer of sawat. It foarbyld soe ik fan meitsje:
as
Neffens my hat it gjin doel en betink hjir wat yn de tekst brûkt wurde moat, en at der al in side komme moat oer Dútske skriuwer dan is in Redirect Dútsk skriuwer hielendal net slim. Myn miening is dat hoe mear Redirects at je brûke hoe mear at je foarkomme dat dûbele siden oanmakke wurde. Ek binne siden dan makliker te finen at minsken in wat oar idee dan hoe at wy it hjir betocht hiene (de sykfunskje is fansels noch hieltiten hiel min).
It wurdt fansels wat oars at je it oer de Kategorybeam hawwe, foar it Kategory systeem wurkje Redirects net (Redirect siden moatte tink ik ek net yn in Kategory). Dan is it wol wiis om hjir in systeem yn ôf te sprekken mar dan bin der ek mear saken dy't net alhiel konsekwint binne, bygelyks in Haadletter by Skriuwer, is hjir ek wol brûkt as meartal Kategory:Fryske skriuwers.
Ik soe de foar Kategory:Fryske fjildslach foarstelle.
Mar hoe konsekwint wolle jo wêze, in kategory Oeriselsk plak fyn ik ek wer neat, wy hâlde it dêr mar by Kategory:Plak yn Oerisel. Mar ik dwaal wat ôf tink ik. Theun 23 okt 2007, 20.54 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik hie skreaun "yn koarte ontsjuttings", om't ik it ferbân tusken de introduksje en de kategory seach. At der stiet "Rintje op 'e Lemmer is in Fryske skriuwer.', dan komt er grif ek yn de Kategory:Fryske skriuwer. Mar goed, wy rjochtsje ús fral op de kategorynamme. Dërfoar kinne wy al trochferwizing meitsje, mar dat binne trochklik-ferwizings.
Ek at wy Plak yn Oerisel net folgje foar Skriuwer út Fryslân en/as Skriuwer yn it Frysk, dan noch soe dúdlik wêze moatte of it "X-sk y" is of "X-ske y". Ek wol ik graach konsekwint hawwe at in kategory in meartal krijt as net. It is al sa dat at wy in meartal brûke, dat -sk/e dan daalks ek oplost is foar kategoryen. Ik leau net dat der ek mar ien skriuwer de e fuortlitte soe foar in meartal. Mar ik leau hjir is hjir earder oer skreaun, sûnder dúdlike útkomst, dat der binne faaks ek redenen om gjin meartal te brûken. Aliter 24 okt 2007, 04.03 (CEST)[beäntwurdzje]

Oansjen fan deiskema

Wy hienen al Deiskema, en no hat Swarte Kees him muoite jûn om Datum te meitsjen. Dy is dûbeld, fansels, mar hokfoar oansjen wolle wy hawwe? Aliter 21 okt 2007, 03.52 (CEST)[beäntwurdzje]

As it om it oansjen giet dat fyn ik 'datum' fierwei it moaist. 'Deiskema' is funksjoneler om oan te jaan hoefolle dagen in moanne hat. 'Datum' suggerrearet al dat alle earste dagen fan de moanne op deselde dei binne. Koartwei: Leaver de 'datum'-fariant sûnder de neamde suggestje. As dat in mission impossible is (ik soe net witte hoe't soks moat sûnder in stikmannich farianten te meitsjen) dan dochs mar by deiskema hâlde. Of in taljochting by 'datum' sette om de suggestje wei te nimmen? En foar de funksjonaliteit dan faaks de 31ste dei yn in oare kleur?--romke fan tomke 23 okt 2007, 01.40 (CEST)[beäntwurdzje]
Sa at Daam al oanjout is it oansjen fan it moanneblokje betiizjend. Leaver yn it Deiskema wat mear romte en de eftergrûnklear fan dat moanneblokje? Theun 23 okt 2007, 20.28 (CEST)[beäntwurdzje]

Dy krappe romte is fansels sa dien om't it dan op in lyts skerm allegear noch te sjen is. Mar de kleurstelling kinne wy fansels al wat feroarje. En oarsom: hokfoar namme is it bêst? "Deiskema" soe in side oer in as it deiskema wêze moatte; datum in side oer in as de datum. Nog in oare namme? Aliter 24 okt 2007, 04.03 (CEST)[beäntwurdzje]

Ik hie nei't ik hjir skreaun hie ek alris tocht, dat sil wol komme fantwege de 800*600 resolúsje. Miskien kinne wy it hjir wat rommer nimme, op it lêst binne der hieltiten minder minsken dy't dy resolúsje brûke. It wie altiten myn favorite resolúsje, mar mei dy platte skerms kinst dy mar better oanpasse oan de resolúsje fan it skerm, dus ik bin no meast lytser lêzen went. Soks bliuwt fansels altiten in kar meitsjen dy't foar guon minder útpakt,mar it liket no wol wat drok ik kin my yntinke dat wy it wat rommer meitsje sadat de measten in wat rêstiger byld krije, in pear minsken sille dan fansels wol in balkje krije. Theun 25 okt 2007, 21.18 (CEST)[beäntwurdzje]

Uterlik Keppeling om utens

By it bewurkjen fan siden binne der in oantal manieren op de keppelingen oan te jaan. Op de side "Koart Oersjoch fan de wikipey steane in tal mooglikheden. Hjir in listke fan sa koart mooglik en sa lang mooglik:

By it sykjen fan in side oer wetters of mûnen levert de sykmasine bg.:

http://66.102.9.104/search?q=cache:V_PfEL0ALowJ:www.molendatabase.nl/nederland/molen.php%3Fnummer%3D58+Geestmermeer&hl=nl&ct=clnk&cd=1 Sa'n lange tekst rint dan ek nochris fan jo byldskerm ôf by plakken op de side as jo net oppasse. Ik ha dat oant no ta oplost troch it hiele adres tusken klammen te setten en dat rommet moai op:[3] Troch der efter te setten wêr't it adres oer giet skriuw ik dat der sa koart mooglik efter: [4] - oer de mole Marmearmin
Mar as der ûnder "Keppeling om utens" ek al mear, langere keppelingen steane feroarje ik dy ek om in wat rêstiger opmaak te krijen. Oerlis soe ik no graach ha om te sjen oft wy hjir ek wat rjochtlinen oer ôfprate kinne. Koarte of lange keppelingen en wol of gjin unifoarmens yn keppelingen op in selde side?Swarte Kees 23 okt 2007, 08.06 (CEST)[beäntwurdzje]

Ik soe leau 'k kieze foar fariant 4 of 6. Ik tink - mar dat hoecht net sa te wêzen fansels - dat minsken dochs graach in koarte taljochting sjogge. En ik tink dat se dochs ek leafst de http://www yn de URL weromsjogge. Dan kom ik út op nr. 6. Mar ik soe alle eventuele tafoegings efter .nl (of oar domein) weilitte (yn it foarbyld komt dat net nei foaren). Dus koart, mar ek foar de -begjinnende- brûker dúdlik.--romke fan tomke 23 okt 2007, 19.13 (CEST)[beäntwurdzje]


De keppeling sa at dy it measte brûkt wurdt stiet net yn it boppesteande listje en is dan:

It lange adres sa at Kees dy neamd is dan:

Dit is neffens my koart en dúdlik, at je de URL graach weromsjogge wurdt it altiten wurdt it wêr langer en dat is neffens my no krekt wat Kees leaver net hat?

  • Myn foarkar giet nei 7. en dat is neffens my sa at it foar tink ik 95% brûkt is. Is ek de foarm dy't op de oare wiki's as standert brûkt wurdt. No is dat gjin kritearium op himsels, mar je hoege ek net beslist in eigen manier te hawwen, dêr wurdt it gehiel net dúdliker fan.
  • 1 en 2 fyn ik beslist te koart, minsken binne neffens my went om op in tekst te klikken om in oare side te berikken, net allinne binnen de wikipedy mar op hiel ynternet.
  • 3 en 4 binne wat ûndúdlik hoe at dat Fryslân bedoeld is, as it domein of de beskriuwing, beiden binne krekt oars, ik tink dat dit net sûnder ferskillende ynterpretaasje ta te passen is op alle oare keppelings.
  • 5 is in foarm dy't freget om problemen, dan soene je dat as 6 dwaan moatte sûnder beskriuwing, at der in kear in punt achter set wurdt kloppet de keppeling net mear en it falt dochs net op dat it ferkeard is (sjoch ek Wikipedy:Koart oersjoch)

Dus ik bliuw by 7. Theun 23 okt 2007, 20.21 (CEST)[beäntwurdzje]

7 is ek wat ik doch. It hoech net allegear yn telegramstyl; wy hawwe hjir de romte. Aliter 24 okt 2007, 04.03 (CEST)[beäntwurdzje]

Meidogger:84.87.138.105

Wy sille der dochs wat oan dwaan moatte.

  • Meidogger:84.87.138.105 hat hjir berjochten skreaun as wie er fan de Ingelse Wikipedy de meidogger,
  • Hy is dy meidogger net, mar dat skriuwt er allinnich om't er bang is blokkearre te wurden.
  • Hy skriuwt it nei't ik by Kermanshahi skreaun haw dat ik him blokkearje wol. Hy sjocht dus al op dy side om te sjen wat it gefolch is fan syn leachens.
  • Hy hat in foto fan Grutte Pier op Commons set, as wie it eigen wurk dat er frijjoech, mar no't de fotograaf oanwiisd is, skriuwt erdat er de foto op it ynternet fûn hat.
  • Hy is op en: permanint blokkearre, fanwegen besykjen eardere sanksjes te ûntgean.

Dêr stiet tsjin oer dat er dizze gefallen tajout, dat er neffens eigen sizzen goed wat bydragen skreaun had en dat er freget at er dochs net blokkearre hoecht te wurde.

Wat moatte wy hjirmei oam? Aliter 24 okt 2007, 04.03 (CEST)[beäntwurdzje]

It ienichste dat der hjir fansels dien hat is wat reklame meitsje foar Grutte Pier, wol my doel om in oar dêrmei min te meitsjen. In protte frysktalige bijdragen hoege wy hjir ek net te ferwachtsjen. Om my kinne wy de situaasje sa litte en sjoch wol wat der bart. Mar at minsken him graach blokkearre hawwe wolle, dan kin ik my dêr ek wol yn fine. Ik sjoch fansels in blokkade net as straf, mar dan mear as middel om it út maklik te meitsjen, wy hoege dan syn bydragen ek net nei te rinnen. Kinne wy ús tiid oan sinniger saken besteegje (sjoch it folgjende punt LC). Theun 25 okt 2007, 21.18 (CEST)[beäntwurdzje]

Ik nim oan jimme hawwe al lêzen oer it digitale argyf fan de Ljouwerter Krante. Dit jout ús fansels in moaie boarne om ynformaasje te finen. (@B.) Ik kin my tinke dat wy hjirmei ús siden fan de PC's aardich oanfolle kinne.
Ek wol nijsgjirrich om gewoan wat feiten op te sykjen. Ik kin wol aardich reedride (al sis ik dat sels) en efkes sykje en ik sjoch dat myn oerpake (en syn broer?) in dikke 140 jier ferlyn al yn harren doarp in hurdriderij foar de skoallejeugd wûn hawwe. Soks haw ik fansels nea fan ús heit as pake heart, mar is hiel aardich om te finen.
Ik soe sizze mar goed rûn sneupe, en ik hoopje dat it aanst net al te djoer wurdt. Tink fansels wol om de auteursrjochten, wy kinne fansels net artikels yntegraal oernimme mar de feiten brûke om extra ynformaasje op ús siden te krijen mei fansels wol.
Op :nl wie dit ek al in ûnderwerp yn de kroech en dêr hiene guon it idee dat je soene hiele âlde ôfbylden wol brûke meie, mar ik wit net oft dat wol hielendal sa is. Ik kin my yntinke dat wy dat net samar dwaan kinne. Theun 25 okt 2007, 21.18 (CEST)[beäntwurdzje]

Theun 25 okt 2007, 21.18 (CEST)[beäntwurdzje]

Is yndied in nijsgjirrige side. Mar... de wikipedy moat objektyf wêze, wat der op stiet moat wier wêze. Myn betrouwen yn de sjoernalistyk is net hiel grut. As ik bygelyks wat beskriuwe wol oer it wykblêd Frysk & Frij en dat argyf rieplachtsje, dan kom ik net in soad fierder as dat beskate saken yn beskate jierren spile ha. De artikels binne net bot nuansearre (tink ik, en ik wit der in bytsje fan). O sa hoeden mei de as wierheid presintearre feiten omgean dus, liket my. It bliuwt in krante. En âlde ôfbylden brûke mei neffens my wol, as de kontekst der omhinne ek opnommen wurdt (it folsleine artikel dus). Mar dat lêste moat faaks nochris útsocht wurde.--romke fan tomke 26 okt 2007, 21.04 (CEST)[beäntwurdzje]
Likegoed is it foar opsykjen fan guon feiten wol aardich. Ik woe alris in stikje skriuwe oer it útstekken fan de swarte flagge op 'e Bitgumer toer mar wist net krekt mear wannear't dat wie. En dan hat sa'n argyf wol nut want soks stiet meast de dei dêrop yn de krante, en dat ha ik no dus fûn. --romke fan tomke 26 okt 2007, 21.15 (CEST)[beäntwurdzje]
No is gjin inkele boarne objektyf, sels wittenskiplike publikaasjes. Je moatte altiten besykje nei te gean wa at in stikje skreaun hat en wêrom. Dat is fansels ek it lêstige mei de wikipedy, der is wol in hiele bulte ynformaasje mar hokker ynformaasje kloppet en hoe kinst dêr in aardich en lêsber stikje fan meitsje. It helpt dan fansels in hiele bult dat je ûnderwerpen by de kop pakke wêr at je wat fan ôfwitte. Theun 27 okt 2007, 20.38 (CEST)[beäntwurdzje]

Hi, AlleborgoBot is an interwiki bot run by Alleborgo starting at the italian wikipedia. The bot uses the pywikipedia framework daily updated to the last SVN version. The Bot runs in autonomous, but sometimes, it will run in manual assisted mode to solve interwiki conflicts. Already has a bot flag in ar, am, an, az, bar, bat-smg, bg, br, bn, bpy, bs, ca, ceb, cs, cv, da, de, el, en, eo, es, et, eu, fa, fi, fiu-vro, fr, frp, ga, gl, he, hr, ht, hu, hy, id, is, it, iu, ja, jv, ka, ksh, ku, lb, li, lmo, ln, lt, lv, mk, mi, ml, ms, mt, nap, nds, nds-nl, nl, nn, no, pl, ps, pt, ro, roa-tara, ru, sco, sh, sk, simple, sl, sq, sr, su, sv, ta, tg, th, to, tr, tt, uk, ur, vec, vi, vls, vo, zh, zh-classical, zh-yue. On it wiki has done more than 65000 edit. Now I'm requesting the flag here, thanks --AlleborgoBot 26 okt 2007, 01.32 (CEST)[beäntwurdzje]

Alleborgo freget bot status oan foar syn bot, om my mei hy wol botstatus hawwe. At der beswieren binne dan graach oanjaan. Theun 27 okt 2007, 20.38 (CEST)[beäntwurdzje]
Alleborgo is asking for botstatus for his bot, this is OK with me. If anyone has any problems with this, give your comments here.
Can you speak (or translate) in english please? --AlleborgoBot 28 okt 2007, 13.23 (CET)[beäntwurdzje]
Thank you very much for translation. ^__^ --AlleborgoBot 28 okt 2007, 19.38 (CET)[beäntwurdzje]
Botstatus jûn. Theun 29 okt 2007, 19.09 (CET)[beäntwurdzje]
Thank you very much! --AlleborgoBot 30 okt 2007, 10.37 (CET)[beäntwurdzje]

Noardfeluwsk

Op de pagina Nedersaksysk staat een taalkaart (Ofbyld:Lânkaart_nedersaksyske_dialekten.GIF) met daarop de dialectgroep Noardfeluwsk, ik vroeg me af waar die taalkaart vandaan kwam maar de maker Woadan blijkt inactief te zijn, iemand enig idee hoe hij aan deze kaart is gekomen of waar ik hem/haar kan bereiken? Servien] 27 okt 2007, 15.29 (CEST)[beäntwurdzje]

Gjin idee, sa at jo al sjoen hiene is hy hjir net mear aktyf, wêr't hy syn kaartsjes op beseare hat soe ik ek net witte. Hy hat ek net in e-meel adres ynstelt dus dat sil wol lêstich wurde. Theun 27 okt 2007, 20.38 (CEST)[beäntwurdzje]

Doarpseigen strjitnammen

Op de side fan Easthim en East-Flylân haw ik de strjitten fan de beide doarpen der by setten. By Easthim wienen dat net safolle mar by East-Flylân al wer mear. Der moat fansels net tefolle strjitten komme, oars rinne wy fêst by gruttere plakken as Drachten en Ljouwert bg. Dochs stean der faak moaie streekeigen of histoaryske nammen tusken dy't wat sizze oer in doarp. Om no allinnich dy nammen te neamen is wat willekeurich. Hoe moatte wy hjirmei oan: Allinnich de strjitten neame fan buorskippen en fan doarpen allinnich doarpseigen nammen dy't wat oer de skiednis of bewenners fan in doarp sizze? Of fan alle plakken allinnich de streekeigen strjitten neame? Te tinken falt dan oan bekende ynwenners of mei in histoaryske streek- of doarpseigen eftergrûn? Oare mooglikheid soe wêze kinne om de strjitten hielendal net op te nimmen.Swarte Kees 3 nov 2007, 08.38 (CET)[beäntwurdzje]

Ik hie altiten noch yn de kop dat wy hjir eins bêst alle strjitnammen hawwe kinne. Ek strjitnammen sa as yn in Oranje-buert mei in Beatrix-, Juliana- en Wilhelminastrjitte soene wy hjir bêst opnimmen kinne. Mei fansels foar eltse strjitte in ferwizing nei in side wêr't de strjitte nei neamt is as in koarte útlis. It is no faak sa dat der yn doarpen strjitten binne dat je tinke, nei wa ha se dy neamt, wat hat dy man dien. Dat is fansels nijsgjirrige ynformaasje dy wy hjir by hawwe kinne.
Dat soe dan neffens my ek noch oanfolle wurde kinne mei wannear dy strjitten oanlein binne en sokssawat.
Foar grutte plakken is it neffens my ek net sa'n probleem. At dy siden te grut wurde moat dêr gewoan siden komme oer in part/wyk fan dy stêd as grut doarp.
Ik hie ek noch wol oare ideeën. Ik haw fan 'e wike krekt in berjocht oanmakke (no allinne noch by Finkegea) dy't ik eins op eltse side oer in plak hawwe wol (earst mar ris yn Fryslân). Dêr woe ik noch wol wat mear ynformaasje yn hawwe, lykas it tal stimmen dat it doarp yn de gritenij hie, in ferwizing nei de lokaasje mei Koördinaten (krekt sa at wy dy ek wol boppe de siden hawwe), en miskien de buorskippen dy't ûnder it doarp falle.
In oar idee dat ik hie wie om de tabeltsjes mei ynwennertallen miskien te ferfangen troch in grafykje, as in grafykje dêrby te meitsjen, dat makket dy ynformaasje tink ek wat makliker op te nimmen.
Miskien moat we eins in soarte fan Projekt-side oer de Plakken oanmeitsje wêr't we wat saken dy't we ôfprate fêstlizze, ideeën delsette kinne en soks mear. Theun 3 nov 2007, 09.13 (CET)[beäntwurdzje]
Net eltsenien sjocht nei in doarpsside foar de skiednis, dat nim dêr net te folle fan op yn de tabel. Iens mei de strjitten; fan en ta hawwe wy dêr ek al in pear fan opnaam. Aliter 6 nov 2007, 05.34 (CET)[beäntwurdzje]

Oersetting op meta, fanwegen it Fûnswinnen

Ik haw in pear siden op Meta oerset, dat wy faaks net twa moanne in Ingelske tekst boppeoan ús siden hawwe:

Der moat lykwols al noch ien de siden neilêze ear't alles brûkt wurde kin. Graach (ek) hjir witte litte of it yn oarder is. Aliter 6 nov 2007, 05.34 (CET)[beäntwurdzje]

Blykber wurdt it al brûkt. Ik haw by de tekst fan de sitenotice, helpje feroare yn helpe. Mar ik wit net wannear at dit oanpast wurdt yn de tekst hjir boppeoan. Theun 6 nov 2007, 12.07 (CET)[beäntwurdzje]

Hawwe jo de oaren ek neisjoen? Dy binne no yn harren systeem yn de faze "oerset", mar mei neilêze kinne dy "ree" wurde, en dan kinne dy ek brûkt wurde.

Hjir de lêste dy't juster noch mar foar in part dien wie:

Dan noch ien fraach: Wit immen wêrom der "»" foar "Stypje no!" op dy grutte reade knop stiet? Aliter 7 nov 2007, 05.37 (CET)[beäntwurdzje]

Ik haw it neisjoen en de status op copyedited set.
Wat dy ">>" oanbelanget, ik tink dat dat net in part fan de oersetting is, ik sjoch it neffens my ek by de oare talen. Theun 7 nov 2007, 07.49 (CET)[beäntwurdzje]

Tank, ik haw de oare artikels ek op "ree" setten. Wat dy ">>" oanbelanget gong it my der om at immen wist wat it betsjutte moast, of dat it fersiering wêze moat. Aliter 8 nov 2007, 23.02 (CET)[beäntwurdzje]

Seelterske Wikipedy

(sorry voor het Nederlands, dit in het Fries neerpennen kost me gewoon veel te veel tijd) Hallo allemaal, ik zag dat enkelen van jullie op meta de Saterlandse wikipedia hadden voorgesteld en dat dat voorstel ook goedgekeurd was (zie meta:Requests for new languages/Wikipedia Sater-Frisian). Alleen de stq.wikipedia is er nooit gekomen omdat juist op dat moment het toelatingsbeleid herzien werd. Dit betekent echter niet dat het project is afgekeurd, er moet alleen een nieuw voorstel voor die taal komen. Omdat de stq.wikipedia behoorlijk groeit heb ik een nieuw voorstel gedaan op meta:Requests for new languages/Saterland Frisian Wikipedia. Kun jullie daar even naar kijken? (en steunen?!) Maartenvdbent 6 nov 2007, 19.10 (CET)[beäntwurdzje]

Meidogger:Maartenvdbent freget ús stipe om no einliks de status fan de Wikipedy yn it Sealtersk regele te krijen. Aliter 8 nov 2007, 23.02 (CET)[beäntwurdzje]

Berjocht:Jier

Ik haw it berjocht:Jier útwreide dat it no ek foar de earste fiif ieuwen nei Kristus brûkt wurde kin. At it jier sels mar nei Kristus is, dan moat it ek mei de keppelings foar Kristus goed wêze. At der ynformaasje genôch is foar in protte siden foar foar Kristus dan kin ik dêr ek wol in berjocht fan meitsje, mar dêr wurde de kalinders gau oars en ûnwisser. Aliter 8 nov 2007, 23.02 (CET)[beäntwurdzje]

MiniWikikiAtlas

Ik haw WikiMiniAtlas oan de Wikipedy tafoege, dat alle wrâldboltsjes kinne no klikt wurde foar in kaart. Op it stuit is it noch Ingelsk, op ferskate plakken moatte noch teksten ferfryske wurde. It neidiel is dat dit op alle siden lade wurde moat. Is te fernimmen at de siden dêr stadiger fan wurde? At wy dit hâlde moat der in better byldkaaike komme, dêr't dúdlik oan te sjen is dat der op klikt wurde kin. Wa hat hjir in idee foar? Aliter 10 nov 2007, 03.40 (CET)[beäntwurdzje]

Hartstikkene moai. Mei snelheid fan ynlade haw ik gjin lêst. Wol wurket it no neffens my allinne at je ynlogt binne. Theun 10 nov 2007, 09.47 (CET)[beäntwurdzje]
Foar wa net oanmelden is soe it ek wurkje moatte. It komt al altiten wat letter, om't it apart ynterpretearre wurde moat. Aliter 12 nov 2007, 03.48 (CET)[beäntwurdzje]

400 oant 500

Ik haw fan 400 oant 500 de siden dy't op ien of oare wize in keppeling nei de 0e ieu hienen op 'e nij dien mei it berjocht:Jier. Dêrby wienen al in pear side sûnder keppelings, dat dêr haw ik mar efkes Stobbe byset. No hienen wy fansels ôfpraat dat wy gjin jierstobben meitsje soenen, dat dy siden moatte wy al daalks oanpasse. It moaiste wie fansels at der by alle trije parten in yngong opnaam wurde kin, mar at dat net kinne, dan yn alle gefallen trije yngongen, soe ik sizze. Kin wa mar tiid hat de ieu sa ris bylâns rinne? Aliter 12 nov 2007, 03.48 (CET)[beäntwurdzje]

Fryske koördinateside

Ik haw in Fryske koördinateside makke, en de keppelside oanpast dat dy koördinateside oproppen wurdt at der op de koördinaten klikt wurdt. De Ingelske side mear yngongen, dat wy kinne ris sjen wat der op de Fryske noch by kin of moat. Aliter 13 nov 2007, 02.33 (CET)[beäntwurdzje]

Hiel moai dien. Ik hie hieltiten it idee dat dit op de Toolserver barre moast, mar ik wie der noch net achter hoe at dit moast. En ik seach der wat tsjin oan om dit út te sykjen. Dit is foarearst wol genôch.
Ik fyn foar fryslân it webstee fan de Hisgis hiel nijsgjirrich. Miskien is dy ek wol te brûken. At dy side oanroppen wurde kin mei de koördinaten soene wy dy hjir dochs ek oan taheakje kinne. Sil ik ris sjen oft ik dêr wat ynfo oer krije kin en in e-post berjocht stjoere nei de behearders fan dy side? En miskien kin dit mei de Kultuer Histoaryske Kaart fan de provinsje ek wol. Theun 14 nov 2007, 20.51 (CET)[beäntwurdzje]
Ik haw kontakt hân mei in behearder fan de Hisgis. Dêr binne wol keppelings te meitsjen nei it part fan de kaart fan de doarpen sa as bygelysk Mitselwier, der wurdt spitigernôch brûk makke fan de koördinaten yn it Rykstrijehoeknet ynstee fan graden en minuten sa at stipe wurdt troch de toolserver. Miskien is it mooglik dat se yn de takomst ek de koördinaten yn graden en minuten stypje mar dan soe ik dat wol te hearren krije.
De adressen binne te meitsjen troch mei de rjochtermûsknop op de kaart te klikken is de lange ferwizing op te heljen, dan moat noch wol 'map' ferfong wurde troch 'index' en dan soe de keppeling wurkje. Is wol tige bewurklik en wolle wy soksoarte ferwizings earne op ús doarpssiden hawwe?
Miskien is it ek mooglik om de oersetting fan graden/minuten nei it rykstrijehoeknet earne op de toolserver útrekkenje te litten? Mar ik bin bank dat it krekt op deselde skaal wêze moat oars wurdt de kaart der net dúdliker op. Theun 12 des 2007, 20.38 (CET)[beäntwurdzje]
Dat bewurklike part soe de koördinateside dwaan, fansels. Mar it liket net sa ienfâldich dy Rykstrijehoekkoördinaten om te rekenjen nei graden. Mei útwreidings kin MediaWiki in bytsje rekenje, dat al, mar mear as dat docht er net. Dat, útsein immen wit hoe't dit ienfâldig útrekkene wurde kin, kinne wy dy koördinaten net brûke. Spytich. Aliter 12 des 2007, 23.17 (CET)[beäntwurdzje]

Ja, fansels: At sa'n tagong der is, of at hja ús stypje wolle en sa'n tagong meitsje wolle, dan wie dat fansels prachtich. Dy kaarten fan de provinsje, dy binne allegear deselde kaarttsjinner; it soe moai wêze at dy koördinatetagong hie, dan wie der in hiele protte kaarten tagonklik. Wy moatte dan fansels al sjen hoe't de scale-parameter dan brûkt wurde moat. Hoe wurdt dat op it stuit dien? Aliter 17 nov 2007, 03.42 (CET)[beäntwurdzje]

Ik sil besykje my nochris yn te ferdjipjen yn hoe at it wurket (is wol handich ast minsken fregest at eat kin dast dan ek wist hoe at it ûngefear wurket.
Dy scale-parameter dêr siet ik juster ek wat mei te kloaien, dy wurket op it stuit net goed. Ik woe dy keppelings fan dy doarpen sa hawwe dat dy wat mear ynzoomt wiene. Mar bin der no achter dat at dat ek ôfhinklik is fan it type (city as landmark), landmark stiet standert fierder ynzoomt. Theun 17 nov 2007, 09.44 (CET)[beäntwurdzje]

At scale oanjûn is, dan moat MiniWikiAtlas in kaart mei likernôch dy skaal jouwe. At der gjin skaal oanjûn is, dan wurdt der in skaal ôflaat út it type, at dat der is. Mar it is net sa dat it type oanpast wurde moat om in oare skaal te krijen, dêr is it type net foar. Tink der al om dat ferskil is tusken de ynfier en de útfier: By de útfier binne der in "zoom" en in "scale", dy't wy oan in kaarttsjinner trochjaan kinne, mar by de ynfier, op ús siden, is der allinnich "scale". Dat liket my in ferskil dat flaters útnoeget. Aliter 19 nov 2007, 01.08 (CET)[beäntwurdzje]

De scale parameter wurdt blykber net mear brûkt is ferfong troch in "dim" parameter dy't yn meters oanjout hokker gebiet sjen litten wurd. Mar ik kin it net oan de praat krije, haw op de Oerlisside op :de al frege hoe at dit sit en at ien my helpe kin. Theun 30 des 2007, 09.23 (CET)[beäntwurdzje]

Ach, dat wie my ûntkaam. Ja, dat kloppet: De skriuwer fan MiniWikiAtlas is noch dwaande mei scale en dim, dat foar no moatte wy it type noch misbrûke. Mar kontakt mei de lju fan Georeferenzierung is fansels in goed ding. Aliter 30 des 2007, 23.12 (CET)[beäntwurdzje]

Kategory: Stavering hifkje

Sûnt in skoft brûke wy in soarte etiket op de siden mei de tekst: Kategory: Siden dêr't de stavering fan hifke wurde moat. No woe ik krekt efkes sjen oft der noch siden hifke wurde moasten. It plak fan de kategory dêr't sokke siden by inioar steane wie lykwols net te finen.(Fia skiednis is der mei in ompaad noch wol efter te kommen). No kin it fansels oan myn sykjen lizze mar sa'n side soe eins wat makliker te finen wêze moatte. No woe ik him der op de side "Bysûndere Siden" bysette (Bg. siden wêrfan de stavering'hifke wurde moat"of sa. Mar dy side is foar my net te bewurkjen. Kinne wy it finen fan dizze side wat makliker meitsje?Swarte Kees 17 nov 2007, 14.47 (CET)[beäntwurdzje]

At jo yn de haadkategory:Wikipedy sjoen hienen, dan hie de Kategory:Siden dêr't de stavering fan hifke wurde moat dêr by stean moatten. Dat wie lykwols net sa, om't der eat ferkeard gongen wie mei de stavering fan de kategory sels en mei de skiednis. It moat yn it lyk wêze. Jo soenen oars dy haadkategory der op de mienskipside by sette kinne, as oersjoch fan in tal siden oer de Wikipedy. Aliter 19 nov 2007, 00.06 (CET)[beäntwurdzje]

Haadside

Ik haw it yn it begjin fan de nije opset fan de Haadside alris oanjûn dat it neffens my net de bedoeling is dat ik dy stikjes allegear oanmeitsje. No haw ik krekt de stikjes fan desimber oanmakke mar dit wie al 36 oeren te let. Yn dit skoftsje seach de haadside der wat frjemd út. It soe wol aardich wêze at dizze siden wat mear yn it foar en troch mear minsken oanmakke waarden sadat dit net wêr bard. (Ik hie de lêste wiken wat minder tiid en dat kin fansels faker foarkomme). Theun 2 des 2007, 12.57 (CET)[beäntwurdzje]

Fryske staveringshifker foar Firefox en Thunderbird

Omdat myn Frysk nochal min is, haw ik in ystallasiebestân foar it Fryske Myspell-wurdboek fan Kevin Scanell en Eeltsje de Vries makke. Mei dit ynstallaasjebestân komt der in Fryske staveringshifker beskikber yn Firefox en Thunderbird. As jo dan in artikel fan Wikipedy bewurkje mei Firefox, wurdt automatysk de stavering kontrolearre. Sjoch [5] Bouwe Brouwer 9 des 2007, 15.00 (CET)[beäntwurdzje]

Jûn Bouwe, ik haw it út probearre en yndie wurket it. Kin ik goed brûke want ik fyn de stavering ek dreech. Allinne wurket it no ek as ik op de Nederlânske Wikipedia wat doch. Hast dêr ek in idee oer? --Geoffrey 9 des 2007, 18.52 (CET)[beäntwurdzje]

Der is in offisjele staveringshifker foar Nederlânsk yn Firefox: Extra -> Add-ons -> Extensies verkrijgen -> Woordenboeken -> Dutch/Nederlands. Der binne offisjele wurdboeken foar ferskate talen. Ik haw sels yn Firefox de wurdboeken foar Frysk, Ingelsk, Nederlânsk en Dútsk ynstallearre. Man kin wikselen tusken de ferskillende talen mei de rjochter mûsknop en dan kiezen foar Talen. Bouwe Brouwer 9 des 2007, 19.24 (CET)[beäntwurdzje]

Ferrekte maklik, wurdst betanke. --Geoffrey 10 des 2007, 20.40 (CET)[beäntwurdzje]

Visitor statistics

After 7 years of Wikipedia operation with webserver log files being thrown away, sysadmin Domas Mituzas has now made some log files available. In the last 72 hours, the following were the 200 most visited pages of the Frisian Wikipedia: 1st place Haadside (2389 page views), 2 Wiki:Search (764), 3 Wiki:Recentchanges (455), 4 Spezial:Search (403), 5 Walt Disney (387), 6 Wikipedy:Mienskip (289), 7 Wiki:Export (247), 8 2007 (227), 9 Wikipedy:Wat is Wikipedia (219), 10 Special:Search (215), 11 Wikipedy:Help (197), 12 Salvador Dalí (182), 13 Wikipedy (171), 14 Special:Recentchanges (158), 15 Wike (135), 16 Feriene Steaten (128), 17 Wikipedy:Oerlis side (122), 18 Meidogger:AlleborgoBot (122), 19 Wiki:Random (118), 20 Wikipedy:Donaasjes (117), 21 Wiki:Specialpages (113), 22 Wiki:Upload (105), 23 Wikipedy:Oerlisside (103), 24 Wikipedy:Privacy policy (100), 25 Wikipedy:Ynfo (99), 26 Wikipedy:Foarbehâld (98), 27 Dildo (98), 28 Hulp:Help (97), 29 Grut-Brittanje (95), 30 Albrecht Dürer (95), 31 2006 (91), 32 Ingelsk (90), 33 Dútslân (90), 34 GNU/FDL (89), 35 Frysk (88), 36 2005 (86), 37 Wiki:Categories (85), 38 Frânsk (80), 39 Frankryk (80), 40 2004 (78), 41 2003 (77), 42 Japan (74), 43 2001 (69), 44 Ynternet (68), 45 Taal (68), 46 Spanje (67), 47 wikipedy:oerlis side (65), 48 24e ieu (65), 49 Denemark (64), 50 22e ieu (64), 51 21e ieu (64), 52 Polityk (63), 53 Nederlân (63), 54 19e ieu (63), 55 Wiskunde (62), 56 Literatuer (62), 57 Jeropa (62), 58 23e ieu (62), 59 20e ieu (62), 60 2000 (62), 61 Seksualiteit (61), 62 Kompjûter (61), 63 Latynsk (60), 64 1999 (60), 65 Sinteklaas (58), 66 17e ieu (57), 67 1992 (56), 68 Juny (55), 69 Gregoariaanske kalinder (55), 70 Special:Statistics (54), 71 Sweden (53), 72 Jeropeeske Uny (53), 73 2002 (53), 74 Ruslân (52), 75 Ensyklopedy (52), 76 1998 (52), 77 1995 (52), 78 18e ieu (52), 79 Religy (51), 80 Kategory:Haadkategory (51), 81 Fryslân (51), 82 April (51), 83 Tiidsône (50), 84 Ieuskema (50), 85 Deiskema (50), 86 Adolf Hitler (50), 87 1996 (50), 88 16e ieu (50), 89 Meidogger:TXiKiBoT (49), 90 Grikelân (49), 91 Albert Einstein (49), 92 1973 (49), 93 Republyk (48), 94 Kanada (48), 95 Filosofy (48), 96 Feriene Naasjes (48), 97 Biology (48), 98 15e ieu (48), 99 Poalen (47), 100 Noarwegen (47), 101 Muzyk (47), 102 Ierde (47), 103 Afrika (47), 104 Aazje (47), 105 Maaie (46), 106 Jannewaris (46), 107 Itaalje (46), 108 Afganistan (46), 109 Twadde Wrâldkriich (45), 110 Jier (45), 111 Friezen (45), 112 Ekonomy (45), 113 Eastenryk (45), 114 Akkrum (45), 115 1945 (45), 116 Belgje (44), 117 1991 (44), 118 1990 (44), 119 Septimber (43), 120 Natuerkunde (43), 121 Keunst (43), 122 July (43), 123 Haadstêd (43), 124 1993 (43), 125 1986 (43), 126 1946 (43), 127 Tiid (42), 128 Sneon (42), 129 Skrikkeljier (42), 130 Skiekunde (42), 131 Fietnam (42), 132 Brazylje (42), 133 1989 (42), 134 1987 (42), 135 1919 (42), 136 Ympresjonisme (41), 137 Fjouwerkante kilometer (41), 138 Antropology (41), 139 9 desimber (41), 140 1972 (41), 141 1967 (41), 142 Tiisdei (40), 143 Sowjetuny (40), 144 Sosjology (40), 145 Islam (40), 146 Hannibal Barkas (40), 147 Fryske taal (40), 148 Folksliet (40), 149 1 july (40), 150 1997 (40), 151 1914 (40), 152 10 desimber (40), 153 Webstee (39), 154 Ingelân (39), 155 Fryslân (wengebiet) (39), 156 Euro (39), 157 Egypte (39), 158 Boukeunst (39), 159 1994 (39), 160 1988 (39), 161 1947 (39), 162 1901 (39), 163 11 desimber (39), 164 Yndia (38), 165 Skiednis (38), 166 PC (38), 167 Kultuer (38), 168 Ieu (38), 169 1984 (38), 170 1975 (38), 171 1959 (38), 172 1928 (38), 173 1917 (38), 174 Londen (37), 175 Fuotbal (37), 176 Fryske doarpen (37), 177 Austraalje (lân) (37), 178 Aristoteles (37), 179 Alvestêdetocht (37), 180 31 oktober (37), 181 1983 (37), 182 1930 (37), 183 Sily (36), 184 Parys (36), 185 Noard-Amearika (36), 186 Midsieuwen (36), 187 HTML (36), 188 Geografy (36), 189 1 jannewaris (36), 190 1954 (36), 191 1934 (36), 192 1905 (36), 193 Tongersdei (35), 194 Slowakije (35), 195 Skotlân (35), 196 Fryske wetters (35), 197 Dei (35), 198 Albaanje (35), 199 1985 (35), 200 1982 (35). How can you use these statistics? Perhaps you can see if these pages are as well-written as they should be. I guess we will learn better ways to use statistics as time goes by. --LA2 12 des 2007, 23.44 (CET)[beäntwurdzje]

It is al núver dat Spezial:Search sa faak opfrege is (403). Spitich dat by de keppeling noch gjin triemen per taalbinne. Aliter 16 des 2007, 23.50 (CET)[beäntwurdzje]

Porteal

Ik leau Meidogger:Kening Aldgilles wol graach portealen hawwe op de Wikipedy.

  • Hat dat in doel?
  • Hokfoar soarten fan saken soenen in Porteal hawwe moatte?
  • Hokfoar soarte fan dingen soe yn in Porteal moatte?
  • Kinne wy dat allegear byhâlde?
  • Moat it ienichste porteal dat wy al hienen yn de ensyklopedy, de Haadside, ek in Porteal wurde?
  • Is der in doel om alle portealen út berjochten op te bouwen?

Aliter 16 des 2007, 23.50 (CET)[beäntwurdzje]

Aliter stellet ferskate fragen. Ik tink seker dat it in doel hat, nammentlik informaasje op sadanniche wize byïnoar sette dat it oersjochtlik wurdt. In skiednisporteal derby likket my moai ta en hat myn foarkar. Der soe ik my wol my dwaande hâlde kinne, skiednis hat foaral myn ynteresse op ús wikipedy. Ik soe de haadside moai sa hâlde en neffens my is dizze oerlisside ek in porteal. In porteal meitsje likket my in dreech klusje, ik soe net witte hoe dit moat.--Geoffrey 17 des 2007, 18.00 (CET)[beäntwurdzje]
It falt al net ta om ús Haadside op de tiid by te wurkjen, dus ynstee fan yn portalen soe ik ús tiid en enerzjy leaver stekke yn de ynhâld, kategorisaazje, as miskien it Mienskipportaal. Om my hoege dy portalen net mar goed at minsken der in bulte nocht as enerzjy yn stekke wolle en kinne dan haw ik der fierders gjin beswier tsjin. Ik sjoch fansels wol dat guon meidoggers graach in part fan de wikipedy dy't sy nijsgjirrich en wichtich fine wat te promoaten (Aldgilles oer Fryslân en Geoffrey oer de Skiednis) en dat dat eins net sa geskikt is foar in gewoane side. Mar betink wol wêr't je oan begjinne, saken dy't je graach op in portaal nei foaren bringe wolle kinne fansels ek op de Haadside op Side fan de moanne as yn Wisten jo dat.
Portalen soene eins wol yn in eigen nammeromte komme moatte en hoege fansels net út aparte berjochten opboud te wurden. Theun 20 des 2007, 19.33 (CET)[beäntwurdzje]

De oare kante is dan fansels: wolle wy in part fan de siden oars tagonklik meitsje as de rest, of komme der mear portealen dy't tegearre alles ômfiemje? At wy eat feroarje wolle wat de nammeromten oanbelanget, dan soenen wy ek ris nei oare feroarings sjen moatte: oare wikipedyen hawwe njonken Porteal bygelyks nammeromten as Projekt, Boarne, of Taheaksel. (Nee, dizze oerlisside is net in porteal; de Mienskipsside soe der al ien wêze. Mar ik hie ús beheind ta de ensyklopedy; dêr bliuwt de haadside dan iensum oer. Dy stiet de útlis oer wat in haadside is yn it paad, mar dat kin net oars.) Aliter 30 des 2007, 23.12 (CET)[beäntwurdzje]

Ik tink dat protealen benammen fan belang wêze kin foar wat elkenien syn ynteresse oangiet. Us Wikipedy jout al in protte ynformaasje, mar it probleem sit er tink yn hoe fynst it werom. As jo hjir frjemd binne en de Fryske stavering net goed behearske fynst neat werom. Wy betinken soms sels in Fryske beneaming foar in side, moast it ferrekt goed yn tippe, oars krijst gjin treffer. In porteal jout dan útkomst. Wy hawwe op dit stuit in soad side my fûgeltsjes nammen en flinters, dat soenen wy moai portreteare kinnen fia in porteal. Itselde kin fansels mei al dy Fryske plaknammen en wetters--Geoffrey 31 des 2007, 16.14 (CET)[beäntwurdzje]

Tsja, dêr hawwe wy listen foar, en meast binne dy siden ek hierarchysk te finen. Idealiter is sels eltse side fan de foarside hierargysk te finen. En parallel dêr oan binne der ek noch de kategory-siden. Mar dat wie dizze kear myn fraach net. Ik frege at wy dan ek foar alles in porteal meitsje moatte, as dat in part fan de siden dan bij in porteal heart, wylst in oar part dan skynber dreech te finen bliuwt? Aliter 4 jan 2008, 04.02 (CET)[beäntwurdzje]

Ik haw de lêste tiid (jier) net sa'n protte tiid mear (oer) foar de wikipedy en alle tiid bring ik eins op de fryske troch. Ik hie it idee dat de portalen yn earsten mear foar de meidoggers fan de wikipedy bedoeld wiene (dat binne no mear de projekt-siden op :nl), yn plak fan in soarte fan sub-haadsiden sa at no wol liket op :nl, neffens my stiene foar dat de portalen dêr kaam binne de grutste kategoryen op dat plak op de nederlânske haadside. Ik hie sels it idee dat at we de Kategorisaazje wat op regel hawwe dat wy dan op ús Haadside it rjochtse part dan better ferfange kinne troch de grutste kategoryen.
Bygelyks in portaal foar de fûgeltsjes, ik gean dêr net mei oan de gong. Ik moat eins noch de algemiene side oer fûgels noch meitsje, dêr stiet noch net sa'n bulte op. Dêr besteegje ik myn enerzjy leaver oan dan oan in portaal, en fansels oan it oanmeitsjen fan siden oer fûgels (127 dien, noch sa'n 8867 te gean). It foardiel oan de Kategoryen boppe in portaal (en ek de listen) is dat dy automatysk bywurke wurdt. At je op meardere plakken in oersicht meitsje wolle dan betsjut dat dat al dy ekstra siden mei in oersjoch nea by de tiid bliuwe.
Ik tink ek dat listen/portalen mear nut hawwe om siden sjen te litten dy't der noch net binne en dêrom mear nut hawwe foar de meidoggers om te sjen wat noch mist dan dat dy echt bedoeld binne om in aktueel oersjoch te jaan fan de ynformaasje dy't beskikber is.
No sit ik miskien de diskusje hjir wat yn de war te bringen, mar it wie mear as reaksje op in pear opmerkings hjirboppe. Theun 4 jan 2008, 06.14 (CET)[beäntwurdzje]

Noflike Kryst

De skoalle giet ticht: Krystfakânsje. Eltsenien in noflike Kryst tawinske. Mysha

Aldens fan de Aldheid

It wurd Aldens liket my by in tal Kategoryen en hjir ferkeard brûkt. It is it forsearre, keunstmjittich "opfryskjen" brûken fan taaleigen Fryske wurden liket my ta. Aldens is ommers gjin synomym foar skiednis. Aldens=It âld wêzen. Yn oare gefallen soe Aldheid brûkt wurde moatte, lykas de Grykske Aldheid. Der binne lykwols noch mear siden op de Wikipedy mei Aldens yn de titel. Foadat alles feroare wurdt efkes oerlis dus. Swarte Kees 22 des 2007, 13.31 (CET)[beäntwurdzje]

Ik leauwe dat ik de grutste feroarsaker der fan bin, nim my net kwea ôf. As ik it wer tsjinkom sil ik it oanpasse. --Geoffrey 22 des 2007, 14.13 (CET)[beäntwurdzje]
Ik hie by dy kategoryen it idee dat it miskien better is om gewoan Skiednis te brûken, dizze kategoryen binne neffens my ek wat ûntstien troch it oernimmen fan inselde soarte fan kategorisaazje as op :nl. Kategoryen Skiednis en Aldheid liket my wat dûbelt. Theun 22 des 2007, 16.31 (CET)[beäntwurdzje]
Wat Skiednis en Aldheid oanbelanget, tink ik moat by it kategorisearen goed ûnderskied makke wurden, omdat de âldheid in tiidrek is út de skiednis.--Geoffrey 22 des 2007, 17.07 (CET)[beäntwurdzje]